Jeugdsoarch yn Fryslân op 'e skeppe: minder oanbieders en útklaaid takepakket

14 apr 2021 - 17:13

De Fryske gemeenten skerpje de easken foar de spesjalistyske jeugdhelp oan om kosten te besparjen. Dat betsjut minder oanbieders en in útklaaid takepakket. Behannelingen lykas spulterapy wurde aanst net mear betelle út de Jeugdwet. Mei dizze maatregels tinke de gemeenten dat se de kosten wer ûnder kontrôle krije kinne. Ek bliuwe se by it Ryk oantrúnjen op ekstra jild.

Jeugdsoarch yn Fryslân wurdt oars

Yn Fryslân ha goed 13.000 bern en jongeren te krijen mei jeugdhelp. De kosten dêrfoar binne de lêste jierren allinnich mar fierder omheech gien. De gemeenten moatte sûnt de oergong fan de jeugdsoarch fan Ryk nei gemeenten al jierren jild bylizze en dat rint yn de tsientallen miljoenen euro's.

Minder oanbieders

It mei allinnich net ta skea wêze fan de bern, seit wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert. "It fûnemint feroaret net. Alle bern dy't help nedich ha, krije dy ek. Wat der benammen feroaret, sit 'm yn de organisaasje en administraasje. We meitsje dúdliker wat no krekt spesjalistyske jeugdhelp is en wat net. Dat kin betsjutte dat je ôfskied nimme fan ien oanbieder en mear ûnderbringe by in oar."

Hilde Tjeerdema, wethâlder Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Der moatte úteinlik minder oanbieders oerbliuwe. No binne dat der sa'n 300, mar as it oan de gemeenten leit, bliuwt dêr mar de helte fan oer. Bern dy't no terapy ha by ien fan de oanbieders dêr't ôfskied fan naam wurdt, kinne dy ôfmeitsje, seit Tjeerdema. "We moatte sjen hokker oanbod we nedich ha om ús wetlike taken út te fieren fan de Jeugdwet. As in bern dan holpen is by spulterapy, kin dat by ien fan de oanwiisde oanbieders."

Langere kontrakten

Tjeerdema wol ek langere kontrakten ôfslute. Dy moatte tenei fjouwer jier rinne. As it befalt, kin dat mei nochris fjouwer jier ferlinge wurde. Foldocht in oanbieder net en kin dy net foldwaan oan de easken, dan kinne gemeenten tenei ek boeten oplizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)