Froast soarget foar senuwen by fruitkwekers, mar noch net foar skea

Fruitkwekers yn de provinsje hâlde de siken yn: hoe lang sil de froast nachts noch oanhâlde? It kritike punt komt daalks tichterby dat de beammen skea oprinne sille. Al hawwe se hjir yn it Noarden gelok dat it in frij kâld foarjier west hat.
Nachtfroast en de fruitkwekers
It is in wite wrâld tiisdeitemoarn betiid by wynboer De Heidepleats yn Sint-Nyk. De wynstrûken litte de earste tekens sjen fan in nij druveseizoen, mar de knoppen binne noch lang net yn 'e bloei. In gelok, want hjirtroch kin de froast fan de ôfrûne dagen noch net al tefolle skea feroarsaakje. De planten kinne oer it algemien goed oer dizze froast, fertelt Jântsje Koopmans. Dochs wurdt se moarns wol mei wat senuwen wekker, en sjocht se earst eefkes út it rút nei de stân fan saken mei de froast.

Knoppen noch net út

De fruitkwekers yn Fryslân hawwe gelok dat de maitiid oant no ta reedlik kâld ferrint. Utsein fan inkele moaie maitiidsdagen, of miskien sels simmerdagen, bliuwt de temperatuer reedlik leech. Dit hat derfoar soarge dat de knoppen yn de ferskate fruitbeammen noch net útkaam binne. Hie dizze froast in pear wike letter west, dan hiene de planten wis skea oprûn.
By de beiekweker yn Burgum itselde ferhaal. Ek hjirre binne de planten aldergeloks noch net yn folle bloei. Sy hâlde de boel goed yn de gaten, want in goeie nacht froast oer de bloeiende beiestrûken hinne kin in flinke domper wurde foar it seizoen.

Swartehagekjeld

De kwekers hâlde sels oer it algemien rekken mei de swartehagekjeld (ijsheiligen) as lêste dagen wêrop't der noch echte froast komme kin. Mar se hoopje fansels op in moaie maitiid en noch bettere simmer.