Spoaren fan de Ljouwerter loftoarloch: fan toeristegids oant monumint

14 apr 2021 - 16:03

Op seker 75 plakken binne noch spoaren fan de loftoarloch boppe Ljouwert en omkriten te sjen. Dizze punten steane yn in fyts- en kuiergids dy't tongersdei presentearre wurdt. It boek Sporen van de luchtoorlog 1940-1945 is ek in 'monumint' foar de slachtoffers dy't yn Twadde Wraldoarloch fallen binne by de striid yn de loft, seit ûndersiker en skriuwer Alexander Tuinhout.

Dit wurdt it boek oer de Ljouwerter loftoarloch

Tuinhout fertelt dat de loftoarloch grutte gefolgen hie foar it libben fan de Ljouwerters. "Bij de stad lag het Duitse vliegveld De Fliegerhorst en dat lag geregeld onder vuur van de geallieerden. Het gevaar van bombardementen was altijd aanwezig. Veel Leeuwarders hebben wel eens onder de trap of in de kelder geschuild vanwege dat luchtgevaar."

Drama yn de Spoarstrjitte

Op acht plakken yn de stêd kamen bommen nei ûnderen wêrby't somtiden slachtoffers foelen. It wiene bommen fan Ingelsken dy't it Dútske fleanfjild reitsje woene of de bommen by loftgefjochten as ballêst dumpten. Dat barde foar it earst op 20 jannewaris 1942 yn de wyk by de Spoarstrjitte. Dêrby foelen fjouwer slachtoffers.

Alexander Tuinhout - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Een groot drama, twee van hen waren in baby en een jongetje van elf jaar oud." Yn de gevel fan in wenning oan de Spoarstritte sitte noch hieltyd twa gatten, feroarsake troch brisantbommen, te sjen. En sa binne der folle mear spoaren yn en om de stêd, bygelyks it loftbeskermingsgebou oan de Skrâns, in muorre mei kûgelgatten yn de Wijnhorsterstrjitte en in ûnderdûkadres fan in Amerikaanse piloat yn Wergea.

Foto: Alexander Tuinhout

Yn 1940, it earste jier fan de oarloch, waarden hûnderten huzen troch de Dútske Luftwaffe yn beslach nommen. Hjir kamen meiwurkers fan De Fliegerhorst te wenjen. De ferneamde nachtjager Helmut Lent krige in plakje yn in grut hûs oan de Troelstrawei.

In man mei twa gesichten

Lent skeat 110 fleantugen fan de alliearden út de loft. De piloat kaam sels om by in crash yn 1944 en krige yn Berlin in steatsbegraffenis mei militêre eare. "Een man met twee gezichten. 's Nachts schoot hij vliegtuigen neer met zijn Messerschmidt en als hij thuis was draaide hij Beethoven en Bach. Hij stond bij de Leeuwarders bekend als een rustige, voorkomende en beleefde officier."

Helmut Lent - Foto: Alexander Tuinhout
(Advertinsje)
(Advertinsje)