Fryske Previnsje-oanpak krijt ryksjild om sûnensproblemen te bestriden

14 apr 2021 - 15:54

It ministearje fan Folkssûnens hat subsydzje takend oan de Fryske Previnsje-oanpak: in gearwurking tusken GGD Fryslân, alle Fryske gemeenten en ferskate sûnensynstellingen en kennisorganisaasjes op it mêd fan previnsje fan sûnensproblemen. De partijen yn it gearwurkingsferbân pleitsje foar in goede sûnens en in lokkich libben mei likense kânsen foar elkenien.

Smoke - Foto: Shutterstock.com

It ministearje stelt oant 2024 in bedrach fan hast 690.000 euro beskikber foar de Fryske Previnsje-oanpak. Neffens Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is der lykwols noch folle mear jild nedich. "Al mei al is it in soart fan smaroalje. Der giet in hiel protte jild om yn al dy previntive oanpakken en it smyt net altyd in soad op. Op dy grutte hoeveelheid jild is dit net in protte."

Deselde kant op

Binnen de Fryske Previnsje-oanpak wurdt sjoen nei alle fazen yn it libben en nei faktoaren dy't fan ynfloed wêze kinne op de sûnens en it wolwêzen fan de mins. De Graaf seit dat der al in soad op dat mêd bart. "Der binne yn Fryslân in soad organisaasjes dy't graach meiwurkje wolle oan de sûnens fan de minsken. Wy tinke ek dat minsken sels ek sûn wêze wolle en dat it belied fan de gemeenten dêr op rjochte is, mar it is net altyd deselde kant op."

Mei de subsydzje moat dêr no feroaring yn komme. "As it allegear deselde kant op wiist, wurdt it noch effektiver", seit De Graaf. It jild wurdt ferdield ûnder alle partijen dy't mei de previnsje dwaande binne. It giet yn totaal om sa'n fyftich ynstânsjes. It is noch net bekend hoe't it jild ferdield wurde sil.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)