Dakleaze-opfang Zienn yn noardlike gearwurking fierder as 'Wender'

14 apr 2021 - 15:35

De dakleaze-opfang Zienn giet fierder ûnder de nije namme Wender. Zienn is ûnder oare bekend fan de nachtopfang yn Ljouwert. De organisaasje wurke al fiif jier tegearre mei Het Kopland, de opfangorganisaasje dy't it meast aktyf wie yn Grinslân en Drinte. De bestjoeren fusearren trije jier lyn al, mar no is der dus ek in mienskiplike namme. By Wender wurkje sa'n 650 meiwurkers, dy't help biede oan sa'n 2.800 kliïnten it jier.

Zienn - Foto: Zienn

De namme 'Wender' komt fan 'wenden', de organisaasje hopet dat kliïnten mei opfang en stipe in positive draai oan harren libben jaan kinne. De organisaasje helpt minsken dy't te krijen hawwe mei (driigjende) dakleazens en húslik geweld yn Noard-Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)