Aardich minder besmettingen yn Fryslân: 148 yn de ôfrûne dei

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 148 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 57 minder as tiisdei. Doe wiene it der 205. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 202 nije besmettingen by kaam.
Update: neffens guon oare media hat it RIVM te lijen hân fan in steuring yn de systemen. Dêrtroch kin it wêze dat de sifers leger útfalle as dat sy eins binne.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: 24. Dêrnei folgje De Fryske Marren (19) en Hearrenfean (16).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waard ien nije sikehûsopname yn ús provinsje meld, in ynwenner fan Harns.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne moandei 5.503 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 7.179 deis.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.