HEA! Flikflakke tusken de lamkes

14 apr 2021 - 14:42

Lockdowns freegje om bysûndere oplossingen as je net sporte meie. De turnhal bliuwt noch hieltyd ticht en dus hat Mare it boerehiem yn Hurdegaryp feroare yn in trainingsromte. Har heit hie earder al matten en tastellen foar har kocht om thús te oefenjen. En dêr binne har turnfreondinnen en ek coach Shirien Elbakry hiel bliid mei. It is ekstra gesellich om't de bisten op de buorkerij nijsgjirrich meisjogge, bygelyks de lamkes dy't koartlyn berne binne.

HEA! Flikflakke tusken de lamkes

(Advertinsje)
(Advertinsje)