Alle fiif konteners fûn dy't boppe It Amelân fan frachtskip foelen

14 apr 2021 - 14:33

Alle konteners dy't it skip Baltic Tern foarige wike ferlear yn de Noardsee boppe it Amelân, binne fûn. Dat sei demisjonêr minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat yn de Twadde Keamer.

Foto: Kustwacht

Ien fan de konteners moat noch burgen wurde, seit de minister. Dat giet om in kontener dy't fol sit mei houtfezels. "Het is denk ik mooi nieuws dat er geen containers meer zoek zijn", seit se. Trije oare konteners, mei ûnder oare aseton en brûkte bakoalje, binne earder al út see fiske.

It ûngelok ûnderstreket neffens in protte Keamerleden it belang fan strangere regels foar it trochkrusen fan it súdlike part fan de Noardsee by de Waadeilannen, troch frachtskippen by stoarmwaar. Dêr pleitet de Keamer al foar sûnt it kontenerskip MSC Zoe begjin 2019 mear as 300 konteners ferlear.

Neffens Martijn Kapel fan Rykswettersteat binne de lêste twa konteners ôfrûne nacht oantroffen. "Ze worden nu geborgen door het schip Friendship. Er is met sonar op de bodem gezocht. Over de conditie van de containers is mij nog niets bekend." Neffens Kapel bliuwt Rykswettersteat yn kontakt mei de eigener en fersekerder om it proses ôf te meitsjen.

Foarkomme

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân is bliid dat ek de lêste konteners fûn binne. "Die containers horen niet in de zee, ze zijn gevaarlijk. Voor de zeevaart, visserij en natuur. Het is belangrijk dat ze nu gelokaliseerd zijn. Vorige week was ontzettend hectisch. Het toont aan dat er echt gewekt moet worden aan het voorkomen van deze incidenten."

Stoel fynt dat der ynternasjonaal aksje naam wurde moat. "Het kan niet zo zijn dat containers zo vaak van een schip vallen. Ook in andere gebieden in de wereld gaat het mis, soms met grote aantallen tegelijk. Dat is levensgevaarlijk. Met aceton ben je toch niet helemaal gerust. En ook olie en frituurvet wil je niet in de natuur tegenkomen."

De minister hat tasein om de Twadde Keamer foar 2 juny in update te jaan oer it oerlis mei Dútslân, Denemarken en de Internationale Maritieme Organisatie.

Martijn Kapel fan Rykswettersteat en boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân

(Advertinsje)
(Advertinsje)