Publyk lit him graach teste foar optreden Ellen ten Damme

Nei moannen einlik wer ris nei it teäter: sjongeres Ellen te Damme trede tiisdeitejûn op yn De Harmonie. Guon besikers hawwe hjir dagen nei útsjoen. It is it earste testevenemint yn de Ljouwerter stedsskouboarch. Publyk mocht allinnich nei binnen as se in negative testútslach sjen litte koene en dat hie men der graach foar oer. Mar as dit aanst eltse kear moat as je earne hinne wolle, sjocht net eltsenien dat sitten.
Publyk hat graach test oer foar Ellen ten Damme
By de yngong fan De Harmonie rûn eltsenien mei de telefoan yn de hân. Besikers moasten by binnenkomst in negative testútslach sjen litte op in spesjale app. Dêr wie sa no en dan wat ûndúdlikheid oer, in learpunt yn dizze proef, sa lit de organisaasje witte.
Minsken krigen de test-útslach fia de mail mei hjirby in spesjale koade. Dizze koade moast dêrnei wer ynfierd wurde yn in spesjale app: de CoronaCheck-app. En hjir stie dan in barkoade yn dy't De Harmonie skanne kin.

"Ik ha it derfoar oer"

Besikers moasten der dus wat foar oer hawwe om by it optreden fan Ellen ten Damme wêze te kinnen. "De tariedings hawwe al mei al langer duorre as it hiele optreden sels", sa liet in besiker witte. "Mar it wie prachtich, ik ha it der graach foar oer."
Mar as dit yn de takomst eltse kear moat as je earne hinne wolle, dan sjocht net eltsenien dat sitten. "It is wol in soad gedoch, ik soe dan wol minder faak gean."

"Dit is mijn wereld"

Ek foar sjongeres Ellen ten Damme wie it in bysûndere jûn. Se hat mear as in heal jier net mear live op it poadium stien. "Ik vind het heel leuk om weer met de band muziek te maken voor publiek. Dit is mijn wereld, mijn beroep. Het is heel gek dat je dit heel lang niet hebt mogen uitoefenen."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie yn De Harmonie