Yn golfkarkes om in coronaprik: faksinaasjelokaasje yn Dokkum iepene

14 apr 2021 - 13:53

Yn de eardere sporthal De Trimmer yn Dokkum is GGD Fryslân woansdeitemoarn begûn mei faksinearjen. De 77-jierrige Hennie Boelens-Veen út Dokkum krige de earste prik. "Ik voelde er niets van hoor", sa sei se. De Trimmer yn Dokkum is no de sechde faksinaasjelokaasje fan de GGD yn Fryslân.

Yn Dokkum krije earst 380 oant 500 minsken deis harren coronafaksinaasje. As der mear faksin beskikber komt, sil dat oantal oprinne oant sa'n 900 prikken deis. Dat sil de kommende wiken nei alle gedachten noch net oan 'e oarder wêze.

"Dat is it iennige dêr't wy noch op wachtsje", fertelt Nils van Mourik fan de GGD. "Wy kinne alle minsken wol prikke en wy hawwe genôch minsken yn tsjinst. Ik soe sizze: lit it faksin mar komme." Van Mourik ferwachtet dat oer trije of fjouwer wike mear faksin beskikber komt foar de lokaasje yn Dokkum.

Golfkarkes

Bysûnder foar de lokaasje yn Dokkum is it feit dat der twa golfkarkes ride. Dat hat dermei te krijen dat de parkearplakken wat fierder fan De Trimmer lizze. Minsken dy't net in ein rinne kinne, wurde sa dochs flak by de yngong ôfset. "Dat is in moaie lúkse foarsjenning, mar wol nedich. Want minsken moatte hjir oars dochs in eintsje rinne", neffens de GGD.

It is de bedoeling dat de faksinaasjelokaasje yn Dokkum de kommende moannen iepen bliuwt, oant de situaasje mei it coronafirus ûnder kontrôle is.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)