Net alle skoallen wiis mei selstests: "Dit is panykfuotbal"

Coronaselstests binne fan nije wike ôf beskikber foar skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis. It kabinet wol fan 3 maaie ôf de selstests ek beskikber meitsje foar meiwurkers yn de berneopfang. Om 'e nocht, seit ûnderwiiskoepel foar basisûnderwiis Nije Gaast. Sy sette harren fraachtekens by de selstest. "Ik sjoch de tafoege wearde net", fynt Rika Tulner fan de koepel.
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
It kabinet wol dat ûnderwiispersoniel yn it basis-, fuortset en spesjaal ûnderwiis twa kear yn de wike preventyf in selstest dwaan kin. De útkomst fan sa'n test giet in stik flugger as bygelyks by in PCR-test, dy't de GGD docht. Dêrtroch nimt de betrouberens wat ôf. Krekt dêroer hat Nije Gaast grutte twivels.
"Wy binne gjin spesjalisten. Wat foar doel hat in test dy't in juf of master sels dwaan kin as dy dêrnei as noch nei de GGD moat", freget Tulner har ôf. "As in wurknimmer fan ús klachten hat of twivelet oft er klachten hat, dan bliuwt er thús."
Kristlike Basisskoalle De Wâlikker yn Aldemardum fan St. Nije Gaast © Google Streetview
Minister Hugo de Jonge liet earder al witte dat er ferwachtet dat troch selstesten earder besmettingen fûn wurde kinne by minsken dy't gjin klachten ha. De saneamde antygenetest wurdt op it stuit in soad yn teststrjitten brûkt. "Ik tink sels dat it ministearje no wat docht om har paadsje skjin te feien om in sinjaal ôf te jaan", seit Tulner.
"Dit is panykfuotbal. Ik lis dat net del by de minister Hugo de Jonge, mar mear by it ministearje fan Underwiis." Neffens de skoalkoepel is it better om soarchfâldich te sjen nei wat it ûnderwiis nedich hat. Ien en oar wurdt takom moandei bepraat yn in wiidweidich oerlis.
Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei Rika Tulner