Etysk hacker oer iepenbiere kamera's: "Kijkt zo de kamer van een 6-jarige in"

14 apr 2021 - 12:42

In anonime hacker is op syk nei in ûnbekend stel yn Frjentsjer dat in kamera ophongen hat yn de keamer fan harren 6- of 7-jierige dochter. De saneamde etysk hacker wol de âlden derop wize dat de bylden troch eltsenien te besjen binne en harren bewust meitsje fan de risiko's fan kamera's dy't ferbûn binne mei it ynternet. "Met een openbare link kun je bij heel veel mensen binnenkijken."

Dit binne de problemen mei befeiligingskamera's

De hacker, dy't anonym bliuwe wol om't net eltsenien der wiis mei wêze sil dat se it probleem oankaartet, fynt it wichtich om oan de bel te lûken. Neffens har hawwe ferskate minsken al ynlogd op de kamera en sels de kamera betsjinne om it bêd fan it famke better yn byld te krijen. "Toen ik zag dat je zo die slaapkamer in kon kijken schrok ik echt. En zeker toen de camera een andere kant op was gericht, maar middenin de nacht iemand hem toch weer op het bed richtte."

Standert wachtwurd

Fia in webside kinne je hûnderten kamera's troch hiel Nederlân besjen en yn guon gefallen ek bestjoere. Ek yn Fryslân kinne je mei de site by ferskillende minsken yn 'e hûs, tún of stâl sjen. "Mensen kopen een goedkope camera en wijzigen dan vervolgens niet het standaard wachtwoord, waarna iedereen er dus zomaar bij kan."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ynboude kamera

It giet op de webside ûnder oare om losse befeiligingskamera's, mar ek om kamera's dy't yn apparaten ynboud binne. "Zo zitten er in veel 3D-printers camera's om bij te houden hoe ver een project is. Maar die camera is ook gekoppeld aan het internet en dus kunnen ook anderen de camera gebruiken. En zo kun je bij veel mensen zo het kantoor in kijken."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Het probleem is natuurlijk niet nieuw", sa seit feiligenssaakkundige Henk van der Ee fan de Cyber Campus yn Ljouwert. "En de meeste mensen weten ook best dat het een probleem is, maar toch vergeten ze het al snel weer. Vooral als we een camera kopen, dan kijken mensen vooral naar de prijs en niet naar wat de best beveiligde optie is. En mensen vergeten dat ze die beveiliging ook regelmatig moeten updaten."

"Topje van de ijsberg"

De webside dêr't de hacker gebrûk fan makket is iepenbier, mar is eins mar in lyts ûnderdiel fan it probleem. "Het is maar het topje van de ijsberg", sa seit Van der Ee. "Hackers kunnen bijvoorbeeld ook de printer die vastzit aan het thuisnetwerk makkelijk gebruiken om in de computer van mensen in te breken." Neffens Van der Ee is it dan ek hiel wichtich dat minsken ien kear yn de safolle tiid harren eigen befeiliging by delrinne en de wachtwurden feroarje.

De etysk hacker lit witte dat se hopet dat de âlden fan it famke yn Frjentsjer harren werkenne yn it ferhaal en aksje ûndernimme. "Je kijkt zo naar het bed van het kind. De camera hangt zo te zien naast een kast, want verder zie je niet veel van de kamer." As har oprop fia de media neat opsmyt dan sil se har syktocht trochsette fia sosjale media.

(Advertinsje)
(Advertinsje)