Mooglike kampioenswedstriid fan SC Cambuur begjint oere letter

14 apr 2021 - 12:41

De wedstriid tusken Jong AZ en SC Cambuur wurdt nije wike freed in oere letter spile. It duel stie pland foar acht oere jûns, mar it fuotbalbûn KNVB lit op 23 april alle wedstriden yn de earste difyzje in oere letter begjinne.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dat de wedstriden no om njoggen oere jûns begjinne, komt troch in wedstriid yn de earedifyjze. It duel tusken Willem ll en RKC Waalwijk is nei foaren helle en begjint no om kertier foar sânen. Om derfoar te soargjen dat der safolle mooglik wedstriden live útstjoerd wurde kinne, begjinne alle earste difyzje-duels no om 21.00 oere.

SC Cambuur soe op freedtejûn 23 april kampioen wurde kinne fan de earste difyzje. Wol hinget dat ôf fan de wedstriden fan de konkurrinsje en oft Cambuur sels wint fan Helmond Sport oankommende freed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)