100 banen fuort by útjouwer Fryske deiblêden: "Swarte dei foar sjoernalistyk"

14 apr 2021 - 17:23

De NDC mediagroep skrast 100 fan de 580 banen, sa melde de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. De útjouwer fan ûnder oare dizze beide kranten wol fol ynsette op de sjoernalistyk. De helte fan de ûntslaggen falt by de advertinsjeferkeapers. It giet om sa'n 50 minsken. Ek it FD krijt in flinke klap, dêr moatte 8 fan de 33 redakteuren derút.

In grutte klap foar meiwurkers by NDC mediagroep

De klap komt hurd oan by de sjoernalistyk yn Fryslân, seit Omrop Fryslân-ferslachjouwer Timo Jepkema. "En dy stiet al ûnder druk. Ferline wike waard bekend dat de NDC fanwege de finansjele situaasje 'kritysk sjocht' nei de hûs-oan-hûsblêden." Der soe by it bedriuw gjin perspektyf mear wêze foar de tsientallen wyk- en nijsblêden dy't yn it Noarden fan Nederlân ferspraat wurde.

Ferlies op advertinsjeôfdieling

Neffens algemien direkteur Koos Boot fan de NDC mediagroep wurdt der ferlies draaid op de advertinsjeôfdieling en by it FD. Sa kostet it binnenheljen fan lytse advertinsjes mear as dat se opbringe. Ek op oare ôfdielingen wurde der minsken ûntslein. De LC, en ek it Dagblad van het Noorden, binne wol winstjaand neffens Boot.

"Je ziet dat er een grote groep adverteerders is, waar we maar een paar tientjes aan verdienen. Dan is het dus duurder om iemand daar naartoe te sturen, dan dat je aan advertentie-inkomsten krijgt", leit haadredakteur Evert van Dijk fan de NDC Mediagroep út. "Dus we verliezen wel een beetje omzet, maar we besparen meer kosten. Dat lijkt raar, maar het is beter voor onze financiële situatie."

Soargen by personiel

De ûndernimmingsried fan de NDC is in wike lyn op de hichte brocht fan de plannen. "Woensdag is het voltallige personeel bijgepraat", skriuwe se yn in ferklearring. "We begrijpen het nut en de noodzaak van aanpassingen in de bedrijfsvoering na jaren van verliezen. De OR deelt daarbij de zorgen die bij het personeel leven over het verlies aan banen."

Foto: Omrop Fryslân

Underskiedende sjoernalistyk

Mei it skrassen fan de banen feroaret ek de wurkwize fan de redaksjes. Der sil mear ynset wurde op online en fideo. It baneferlies op de redaksje fan it FD hoecht neffens Van Dijk gjin gefolgen te ha foar de sjoernalistike kwaliteit fan de krante, dy't him útdruklik ûnderskiede wol fan de LC. "We gaan inzetten op de eigen onderscheidende journalistiek van het Friesch Dagblad. We gaan kijken hoe we met een kleine redactie echt onderscheidende verhalen kunnen maken", seit Van Dijk.

Ek wurdt der sjoen hoe't der mear gearwurke wurde kin mei oare ûnderdielen fan it Mediahuis, it Belgyske bedriuw dat yn desimber de NDC mediagroep oernommen hat.

"Mar al mei al kinne je wol stelle dat it in swarte dei is foar de sjoernalistyk yn Fryslân", seit Jepkema. "Dit giet te'n koste fan de pluriformiteit."

Evert van Dijk, haadredakteur fan de NDC Mediagroep

(Advertinsje)
(Advertinsje)