Mear as 2.700 Fryske coronabekeuringen: tsjek hjir dyn gemeente

14 apr 2021 - 10:40

De plysje hat yn in jier tiid 2.725 coronaboeten útskreaun yn Fryslân, dat hat de plysje sels bekend makke. Lanlik binne der hast 113.000 bekeuringen útdield. It grutste part fan dy boeten is fanwege it skeinen fan de jûnsklok, sa'n 64 persint. De measte Fryske bekeuringen waarden yn Ljouwert jûn, dat wiene der 925. De minste bekeuringen wiene op Skiermûntseach, dat wiene der mar 3.

Foto: CAMJO Media

De plysje dielde yn Ljouwert de measte boeten út foar it oertrêdzjen fan de jûnsklok: 732. Yn dyselde gemeente binne ôfrûne jier 155 minsken op 'e bon slingere foar it net hâlden oan de needferoardering. De rest fan de boeten wie foar it net hâlden fan oardel meter ôfstân, groepsfoarming, it skeinen fan it alkoholferbod en it net dragen fan in mûlkapke yn it persoaneferfier.

Yn Súdwest-Fryslân binne sûnt maart foarich jier 319 boeten útdield. 240 minsken krigen in boete om't se nei it yngean fan de jûnsklok op strjitte wiene. De plysje dielde yn dy gemeente 44 boeten út foar it skeinen fan de needferoardering, 28 foar it net hâlden fan oardel meter ôfstân en 7 fanwegen groepsfoarming.

Minste boeten op Skiermûntseach

De trije boeten op Skiermûntseach, de gemeente mei de minste boeten, wiene allegear foar it skeinen fan de jûnsklok.

Besjoch dizze kaart foar in folslein oersjoch fan it oantal en it soart boeten dat ôfrûne jier útdield is yn Fryslân.

Sûnt maart foarich jier wurde der yn Nederlân boeten útdield foar it oertrêdzjen fan de coronaregels. De boete foar it net hâlden fan oardel meter ôfstân wie earst 390 euro, mar waard letter ferlege nei 95 euro.

Ek minsken dy't har net oan de jûnsklok hâlde, dy't gearkloftsje, nei 20.00 oere alkohol (fer-)keapje of oare coronamaatregels skeine, binne 95 euro lichter.

Earder krigen minsken mei in bekeuring foar it oertrêdzjen fan de coronamaatregels ek automatysk in strafblêd, mar dat is weromdraaid. Minsken dy't it net iens binne mei in boete, hawwe fjirtjin dagen de tiid dy oan te fjochtsjen.

Coronaboeten yn Fryske gemeenten

Gemeente Tal boeten
Ljouwert 925
Súdwest-Fryslân 319
Smellingerlân 303
De Fryske Marren 200
Noardeast-Fryslân 183
Hearrenfean 146
Waadhoeke 133
Achtkarspelen 119
Weststellingwerf 72
Tytsjerksteradiel 71
Harns 52
Opsterlân 52
Dantumadiel 47
Eaststellingwerf 44
Amelân 30
Skylge 16
Flylân 10
Skiermûntseach 3
(Advertinsje)
(Advertinsje)