Kollum: "Diktatuer"

"Bestjoerskultuer. Jim sitte net op in toar ferhaaltsje te wachtsjen, mar it is wol ferrekte wichtich. Jim witte dat se yn Den Haag sykje om dé nije foarm fan bestjoeren. Om't dat al jierren net mear goed gie. Thorbecke, dy't ús yn 1848 op it doe goeie demokratyske paad sette, is útwurke. De nije wiisgear is Tjeenk Willink.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Uzes is Arno Brok. Dy hat der foar trochleard. Hy skreau Tjeenk in briefke, dat ik efkes foar jim gearfetsje en fertaal: 'Fryslân biedt him oan as in nije floeibere organisaasje. As jim ús it jild jouwe, dan rêde wy der wol mei. Net mear 'dy krijt dit', 'in oar dat' en de tredde krijt neat. Nee, wy binne tenei in ienheid'.
Brok hat it foarsichtich noch oer 'bevredigende samenwerkingsconstructies', mar hy bedoelt fansels dat provinsje, wetterskip en gemeenten aanst net mear bestean. Mei syn trijen binne se dan ien regio Fryslân.
Dêr ha ik in pear nachten oer neitocht. Dan flitse der ynienen allegear ûnderfinings foarby, dy't ik hie mei gemeente, wetterskip en provinsje. Underfinings dy't elk hân en noch hat. Net elkenien is dêr like lokkich mei, en dan sis ik it foarsichtich.
Ik wie bliid dat de lytse wetterskippen eartiids ien grutte waarden. En dat we net mear 31 gemeenten ha. Der mei om my noch wol minder komme as de 18 fan no. Dan is der lykwols ien neidiel. Alles is sá grut wurden dat bestjoerders net mear tiid en sicht ha om alles goed bestjoere te kinnen. Se kinne net oars as guon saken oerhevelje nei it amtlik apparaat.
En ja, dat amtlik apparaat is yn dit lân wurden ta in organisaasje dy't net wit dat wy in befolking ha fan 17 miljoen yndividualisten. Se binne net meigroeid. Net amtners hear, mar it amtlik apparaat hâldt tsjin dat ús winsken of tinken by politike bestjoerders telâne komt. Wat jo wolle, kin neffens de wet net, sizze se. De bestjoerder heart dat net iens. Dêrmei sitte we yn in amtlike diktatuer.
De media bringe it ek net mear nei bûten, dy wurde troch in wrâld oan oerheidskommunikaasje-amtners ôfskerme. Ik sjoch bygelyks op gemeentlik nivo dat se alle stikjes yn lokale kranten net oansprekkend skreaun ha wolle, mar amtlik en toar. Logysk dat dy kranten ferdwine.
As bestjoerders dan sizze 'dit moat oars', dan wurde se troch it amtlik apparaat behindere om soks út te fieren. Of se dogge it gewoan net. Sjoch nei de taslagge-affêre. En sjoch dat Rutte lige moat om in amtner te beskermjen.
Ik krige yn de nachten dat ik dermei omtoutere in nachtmerje oer it wurkjen fan Fryske bestjoerders mei de amtlike apparaten fan wetterskip, provinsje en gemeenten. Dy hiene tsien jier wurk om ta ien organisaasje regio Fryslân te kommen. Tsjin dy tiid wie it projekt al lang wer as net wurkjend ôfservearre troch de opfolger fan Arno Brok. Letter tocht ik dat dy nachtmerje noch positiver wie as de realiteit.
Brok sit echt op it goede paad; ik leau deryn. By it Waad hat er in kear op tafel slein: 'ik bin no de baas en ik sis gearwurkje'. Dat wurket, al hat hy noch net alle ús jonge fûgels fersteurende strieljagers delsketten. Mar it is in goed idee om wetterskip, provinsje en gemeenten, en hooplik ek al dy oanheakke heale oerheden, op ien bulte te smiten.
Allinnich, en dat hat Tjeenk al nedich, dan moat der earst wat oars barre. Dat alle amtners tenei wurkje yn tsjinst fan minsken, fan ús. Mei de polityk. Dy soe optimaal profitearje as de amtnerij foar ús wurket. Want dan feroaret der echt wat.
As wy teminsten ek feroarje. De polityk doch syn bêst, woe bygelyks yn de corona sa iepen mooglik wêze. We koene alles hearre, mar wy én de media harkje net goed. Sa waarden alle oerwagings daliks feit. 'Zullen we 21 april de terassen opendoen', dan binne se al iepen. En as it dan net kin, seure we oer dat de oerheid him net oan syn wurden hâldt.
Seurders oer burokrasy ha gelyk. We ha in apparaat fan rigeltjeneukers. Wy ha skjin ús nocht dêrfan. It is spitich Brok, dy burokrasy soarget dat it mooglik is dat as je 100 meter fan elkoar wenje de ien wol en de oar gjin hûnebelesting betellet, om't se yn ferskillende gemeenten wenje. Dan is dy regio Fryslân noch in hiel ein fuort. "