'Fryske projektemasine' moat mear subsydzje út Brussel helje

14 apr 2021 - 08:33

Mei in spesjale Fryske projektemasine wol deputearre Sander de Rouwe de kommende jierren leafst 130 miljoen euro oan Europeeske subsydzje nei Fryslân helje. Neffens De Rouwe litte Fryske bedriuwen en ynstânsjes no in soad kânsen op Europeeske subsydzjes lizze, omdat se it skriuwen fan de oanfragen te tiidrôvjend en dreech fine.

It haadkertier fan de Europeeske Kommisje yn Brussel - Foto: Wikicommons

In nije projektorganisaasje, de Fryske Projektemasine (FPM), moat dit skriuwen fan oanfragen oernimme. De kosten fan de nije oanpak wurde rûsd op 1 miljoen euro. De Rouwe wol graach dat alle Fryske gemeenten hjir ien euro de ynwenner oan meibetelje. Dy nije mienskiplike oanpak is neffens De Rouwe hurd nedich om mear jild út Brussel te heljen. "Yn Fryslân wurdt no fierstente ynsidinteel Europeeske subsydzje oanfrege."

"Ik sjoch geregeld ynnovaasjes by Fryske bedriuwen dêr't se Europeeske subsydzje foar krije kinne, sûnder dat dit oanfrege wurdt. Dat is fansels ferskriklik spitich", ferfolget de deputearre. "Dêrom kinne wy as oerheden better mei-inoar oplûke. Lit de ûndernimmers foaral ûndernimme en ynnovearje, dan kinne de oerheden wol helpe by it binnenheljen fan Europeeske middelen."

"It jild leit klear"

De Rouwe wiist derop dat der yn Europa de kommende jierren 'miljarden' klearlizze foar beliedsdoelen as de Green Deal, CO2-reduksje en sirkulêre ekonomy. Hy hat hjir ek al kontakt oer hân mei Diederik Samsom, de rjochterhân fan Eurokommissaris Frans Timmermans. "Dat jild leit klear, mar - en dat is it grutte knyppunt - je moatte wol projekten skriuwe."

De Fryske projektemasine wol dit de kommende jierren struktureel oanpakke troch bedriuwen en organisaasjes dy't dêr belang by hawwe konsekwint foar te ljochtsjen oer nije subsdyzje-oproppen dy't der oankomme, mei dêrby it oanbod om te helpen by it fersoargjen fan de oanfraach.

De Rouwe tinkt dat Fryslân folle mear oanfragen dwaan kin op it mêd fan sirkulêre ekonomy. "Dat is in kâns foar Fryslân. As we de ambysje op papier sette, oanfreegje en lobbye, dan komt it jild fansels wol. It jild leit op de planke. It iennichste dat wy dwaan moatte, is oanfreegje."

Kosten mei-inoar drage

Op it stuit dat de Fryske projektemasine goed funksjonearret, moat dy minstens 15 miljoen euro yn it jier oan Europeeske middels binnenhelje kinne, tinkt De Rouwe. De kosten fan de FPM sille de kommende jierren oprinne oant 1,2 miljoen euro. De Rouwe fynt dat provinsje, gemeenten en kennisynstellings de kosten mei-inoar drage moatte.

De Rouwe wol dit jier noch úteinsette mei de projektemasine en de organisaasje de kommende jierren útbouwe. Neffens him hawwe de Fryske gemeenten Europeeske subsydzje nedich as se oan de slach wolle mei saken as ynnovaasje en ekonomyske ûntwikkeling.

"De Fryske gemeenten hawwe de kommende tiid it jild net om harsels fierder te ûntwikkeljen en de provinsje hat ek hieltyd minder eigen jild. As der dan jild út Europa komt, is der mear mooglik."

Deputearre Sander de Rouwe oer de Fryske projektemasine

(Advertinsje)
(Advertinsje)