Prins iepenet wettersuvering

18 nov 2011 - 09:52

As je in revolúsjonêr wettersuversingssysteem yn gebrûk nimme wolle, wa kin je dan better it lintsje trochknippe litte as ús eigen "wetterkroanprins" Willem Alexander? Om dy reden melde de prins him freed yn de wyk Noorderhoek yn Snits. Yn it sanitaasje-systeem Waterschoon wurdt ôffalwetter út húskes en húshâldlik ôffalwetter apart ôffierd.

In lokale suveringsynstallaasje midden yn de wyk makket alles dan wer skjin. Ek it organysk ôffal wurdt fia in keukenfermealler apart ôffierd.

Trefwurden: 
Snits Willem-Alexander
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)