Noed oer tekoart oan hoarekapersoniel nei coronakrisis

De iepening fan de hoareka lit noch efkes op him wachtsje, mar hoareka-ûndernimmers binne bliid dat der dúdlikens is. "Je hebt er zeker wat aan, je kunt weer wat doen", seit Marco Poldervaart, sjef-kok en eigener fan it restaurant 't Havenmantsje yn Harns. Poldervaart makket him lykwols soargen oer in grut personielstekoart as minsken aanst wer massaal nei de hoareka ta gean.
Marco Poldervaart fan restaurant 't Havenmantsje yn Harns © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De ferwachting wie dat de terrassen op 21 april wer iepengean soene, mar dat beslút wurdt útsteld oant 28 april. Dat de iepening fan de terrassen noch efkes op him wachtsje lit, fynt Poldervaart no gjin grutte ramp, om't it waar bûtendoar sitte mei in bierke noch net sa oantreklik makket. "Het is zo'n 10 tot 12 graden nu buiten in Fryslân. Beneden de rivieren is het al wat warmer."
Dêrneist is Poldervaart syn restaurant mear rjochte op iten en minder op in drankje op it terras. "Ik denk dat we met streetfoodgerechtjes gaan werken, zodat we toch een 'uitetenbeleving' op het terras kunnen creëren."

Oerlibjen

De ôfrûne moannen fielden foar Poldervaart benammen as oerlibjen. "Je hebt vet nodig op je botten. Je wordt wel ondersteund met vergoedingen, maar daarmee lukt het niet. Maar er zijn genoeg gezinnen nu het ook zwaar hebben." Hy leit ek de ferliking mei eardere jierren, wêryn't de situaasje noch penibeler wie: "2011 en 2019 waren nog veel zwaarder, want toen liep de omzet flink terug door recessie. Toen kon je niet je handje ophouden."
Dat der doe minder jild yn it laadsje kaam, gie ten koste fan it personiel. "Dat werd ontslagen." Dat is no wol oars. "Nu heb ik al mijn mensen nog in dienst." Dy minsken hat Poldervaart ek hurd nedich, op hokker datum de hoareka ek iepenset wurdt. "Ik ben blij dat die mensen hebben gezegd dat ze bij het bedrijf blijven."

Tekoart oan hoarekapersoniel

Dat is lykwols net oeral it gefal, sjocht de Harnzer restauranthâlder. Hy makket him soargen oer in grut personielstekoart yn de hoareka as dy aanst wer folslein iepen giet. In soad hoarekapersoniel is op syk gien nei oar wurk doe't de sektor tichtgie en it is noch mar de fraach oft dy allegear werom komme.
"Er was al een tekort aan horecapersoneel, maar dat wordt alleen maar groter. Er worden minder mensen opgeleid. Ik roep mensen die net klaar zijn met hun opleiding dan ook op: kom alsjeblieft in de horeca werken! Help de horeca na deze zware periode weer verder, want er komt grote drukte aan."
Restauranthâlder Marco Poldervaart