Buma hat begryp foar meagere ferrommings: "Nog even de tanden op elkaar"

14 apr 2021 - 06:43

De parsekonferinsje fan tiisdeitejûn soarge by guon minsken foar teloarstelling, nei't bekend waard dat der, útsein fan it iepengean fan de bûtenskoalske opfang, foarearst gjin fierdere ferrommings komme fan de coronamaatregels. Der wurdt wol sjoen oft de terrassen op 28 april iepen kinne. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert kin him wol fine yn de kar fan it demisjonêr kabinet. "Het is niet anders. We moeten nog even de tanden op elkaar houden."

Foto: Omrop Fryslân

"We zitten in een tijd dat mensen genoeg hebben van de maatregelen en willen dat er meer open kan. Daar staat tegenover dat het virus op dit moment nog om zich heen slaat en de zorg het nauwelijks aankan. Het is niet anders, maar daarna kunnen we serieus naar opening toewerken", seit de boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan feilichheidsregio Fryslân.

Hy sjocht dat it yn Fryslân noch net de goede kant op giet kwa besmettings. "Ik heb maandag nog contact gehad met het MCL. Afgelopen weekend was het daar nog zo goed als vol." Neffens him is it oantal bêden gjin probleem yn de sikehûzen, mar wol it tekoart oan personiel. "We moeten nu niet bij het zicht van de haven de zorg nog meer in problemen brengen."

Boargemasters wolle terrassen iepen

De boargemasters fan de fjouwer grutste stêden, Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Utrecht, hawwe ferskate kearen in "dringend appèl" dien op it demisjonêr kabinet om de terrassen en oare bûtenromten wer te iepenjen, om't it dreech hanthavenjen wurdt as minsken mei moai waar aanst massaal nei de parken en iepenbiere romten ta gean. Wat harren oanbelanget, wurde dy streamen minsken regulearre troch de terrassen iepen te stellen.

Buma begrypt dat boadskip, mar neffens him leit it net sa simpel. "Als je de terrassen opengooit, komen daar veel mensen op af die ook niet naar het park zouden gaan." Dêrneist is de boargemaster benaud dat minsken massaal nei de terrassen komme, wylst dêr noch altyd mar twa minsken oan in taffeltsje sitte meie en der oardel meter tusken de taffeltsjes sitte moat. "De handhaving voor de politie maar ook voor de horecaondernemer zelf is niet zo makkelijk."

Iepeningsplan

Der moat dêrneist net allinnich nei it iepenjen fan de hoareka sjoen wurde, fynt Buma, mar ek nei oare sektoaren dy't it no dreech hawwe. Dêrby moatte we neffens de Ljouwerter boargemaster it nije 'iepeningsplan' fan it kabinet oanhâlde. Yn dat plan wurde de coronamaatregels aanst yn fiif stappen ferromme, ûnder betingst dat de coronasifers it talitte. "Laten we hopen dat de terrassen dan over een week, op de 28e, wel open kunnen."

Boargemaster Sybrand Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)