Mear stjergefallen yn it Frysk ferkear, nettsjinsteande corona

14 apr 2021 - 00:00

Yn Fryslân binne ferline jier 35 minsken om it libben kaam by in ûngelok yn it ferkear. Dat binne der mear as it jier dêrfoar, doe gie it om 29 stjergefallen. Dit docht bliken út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

De A6 by Sint-Nyk - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It oantal ferkearsdeaden yn Fryslân hinget al jierren om de tritich hinne, mar sûnt 2010 wie it net sa heech as ferline jier. Ek lanlik liket it oantal jierlikse stjergefallen troch ferkearsûngelokken mar net omleech te wollen. Yn 2020 kamen der yn Nederlân 610 minsken om yn it ferkear, en yn 2019 leafst 661. Dat is in delgong, mar yn 2013 en 2014 wiene der bygelyks 'mar' 570 stjergefallen.

Corona-effekt

Yn hast alle provinsjes is it tal ferkearsdeaden yn 2020 leger as it jier dêrfoar, útsein yn ús provinsje, Seelân en Grinslân. In 'corona-effekt' is yn it lanlik trochsneed wol goed werom te sjen. Benammen mei de earste wiken fan de lockdowns wie it flink rêstiger op de Nederlânske diken.

Just yn dy moannen, maart en desimber, is yn de lanlike sifers goed te sjen dat der minder minsken ferstoarn binne dan yn deselde moannen yn it jier dêrfoar. Ek it lanlike jiertotaal gie dus omleech: fan 661 nei 610.

Fytsers

Yn de ôfrûne trije jier is by deadlike ûngelokken yn Fryslân dêr't in fytser by belutsen wie in tanimming te sjen. Yn 2018 wiene njoggen fytsers it slachtoffer fan in deadlik ûngelok. Ferline jier wiene it der 14: in flinke tanimming. Ofrûne jier kamen der yn Fryslân alve ynsitters fan auto's om. Dat binne der dus minder as it tal fytsers. Dochs is ek hjir in tanimming te sjen yn ferliking mei 2018. Doe kamen sân automobilisten of passazjiers om it libben yn it Fryske ferkear.

Dick ter Steege fan it Centraal Bureau voor de Statistiek

Trefwurden: 
CBS ferkear ferkearsdeaden
(Advertinsje)
(Advertinsje)