Kolleezje: opwurdearring Speelmanskwartier bêste Zalen Schaaf-plan

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert nimt it advys fan de seleksjekommisje omtrint de takomst fan Zalen Schaaf oer. De kommisje hat in top trije makke fan de plannen yn de priisfraach foar it monumintale sealesintrum. It idee fan Ontwikkelingsmaatschappij Turfmarkt B.V. foar in opwurdearring fan it Speelmanskwartier kaam dêrby as bêste út de bus. De gemeenteried moat no in definityf beslút nimme.
© Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan
Zalen Schaaf moat op termyn ferkocht wurde oan in inisjatyfnimmer, dêrfoar hie de gemeente in priisfraach útskreaun. Der diene fjouwer ynskriuwingen mei oan de priisfraach, wêrfan't der trije foldiene oan de rânebetingsten. In seleksjekommisje hat de plannen beoardiele en in sjueryrapport opsteld. De ynskriuwers mochten in online presintaasje oan riedsleden en omwenners jaan. Alle ynskriuwers hawwe in keapfoarstel yntsjinne mei in eigen ynfalshoeke.

Top 3

It plan fan Ontwikkelingsmaatschappij Turfmarkt B.V. krige de heechste beoardieling (7,5). Der leit in wiidweidich ferbouwingsplan mei as doel Zalen Schaaf multyfunksjoneler te meitsjen, sadat it breder brûkt wurde kin. Sa wolle se in binnentún oanlizze en moat de seal plak jaan oan ateliers en wurkromtes foar lytse ûndernimmers út de makkerskultuer.
Op it twadde plak stiet it plan fan Bobby Veenstra fan BHE Music Group, dy't no tydlik eksploitant is, yn gearwurking mei filmprodusint Steven de Jong. Yn it nije plan moat romte bliuwe foar muzyk, mar is it ek de bedoeling dat de seal brûkt wurde sil foar langrinnende musical- en teäterproduksjes. Dit plan krige in 6,5 fan de sjuery.
Tredde opsje is 'Agora'. Dit plan wol fan Zalen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje, in brede ynfolling dus. It plan krige in seis fan de sjuery.

Ried oan set

It kolleezje hat de gemeenteried frege om it advys fan de sjuery oer te nimmen. As dy ynstimt, dan wurdt it winnende plan definityf fêststeld. Dêrnei kin de keaper de plannen fierder útwurkje en in fergunning oanfreegje.