Flinke botsing mei drugsrider by De Puntpeal by Drachtsterkompenije

13 apr 2021 - 21:05

By Drachtsterkompenije hat tiisdeitejûn in flink ûngelok west. Twa auto's kamen mei-inoar yn botsing. Dat barde njonken de buorskip De Puntpeal, op de krusing fan De Skieding en de Leidyk. Ien auto sloech oer de kop, de bestjoerder is kontrolearre troch ambulânsepersoniel. Der rekke net ien ferwûne. Ien fan de bestjoerders is oanholden troch de plysje omdat er mei drugs op efter it stjoer siet.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De plysje hat de Leidyk in skoft ôfsletten foar ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)