Oranjefroulju winne oefenduel tsjin Australië mei gemak

Krekt 100 dagen foar de start fan de Olympyske Spelen hawwe de Oranjefroulju mei romme sifers wûn fan Australië. Yn it stadion fan NEC yn Nijmegen waard it 5-0. De gasten koenen fanwegen de coronamaatregels allinnich beskikke oer spylsters dy't yn Europa spylje.
© Orangepictures
It ferskil tusken beide ploegen wie gau makke. Nei 30 minuten stienen der al trije doelpunten op it skoareboerd, makke troch Jill Roord, Lieke Martens en Jackie Groenen. De Australyske froulju ferdigenen net goed, wat it net al te dreech makke foar de Nederlânske froulju.
Yn de twadde helte wienen it Lineth Beerensteyn en Daniëlle van der Donk dy't de einstân op it skoareboerd setten.
Bij de Oranjefroulju sitte Friezinnen Sherida Spitse, Sisca Folkertsma en Loes Geurts yn de seleksje. Spitse spile 46 minuten en Folkertsma foel krekt foar tiid yn. Geurts bleaun de hiele wedstriid op de bank.