Waadferiening net te sprekken oer loftmacht-oefeningen yn briedseizoen

13 apr 2021 - 20:15

Definsje fiert de kommende twa wiken mei grutte transportfleantugen oefeningen út. Mei de Hercules C130-fleantugen wurdt op 100 oant 150 meter hichte flein. Dat bart ek oer de Vliehors op Flylân en de Marnewaard by Lauwerseach, natuergebieten dêr't op dit stuit fûgels sitte te brieden. De Waadferiening, Natuurmonumenten en Vogelbescherming Nederland begripe der neat fan en hawwe in beswierskrift nei minister fan Definsje Ank Bijleveld stjoerd.

Argyfbyld - Foto: Shutterstock.com (SpaceKris)

Ellen Kuipers fan de Waadferiening fynt ek de kommunikaasje in min punt. "Het is helaas niet heel erg duidelijk hoe vaak die vliegtuigen bij de natuurgebieden langs komen. Er wordt iets gepubliceerd in de Staatscourant, maar hoe vaak het gebeurt en op welke gebieden weten we niet. We weten wél dat de transportvliegtuigen waar ze mee vliegen de meest verstorende vliegtuigen zijn. Dat blijkt uit onderzoek op de Vliehors. Ze hebben een effectgebied van tien kilometer. Dus wij vinden het onverantwoord om deze oefening in de broedperiode te doen."

Fersteurend

It belied is neffens Kuipers bryk. De gewoane minsk moat út de natuergebieten weibliuwe fanwegen de kwetsbere perioade foar de fûgels, mar de Definsje mei wol soksoarte oefeningen dwaan. "Dat ze met lawaaiige, grote vliegtuigen extreem laag gaan vliegen, dat begrijpen wij niet. Op de Vliehors is ook een beheerplan waarin staat dat er op de grond al veel activiteiten zijn die verstorend zijn voor broedvogels. Er zijn maatregelen om bijvoorbeeld wandelende recreanten uit de buurt te houden. Maar dan ga je er wel laag met grote transportvliegtuigen overheen. Voor ons valt dat niet te rijmen. Dit geeft een verkeerd signaal af."

De oefeningen wurde yn eigen lân hâlden fanwege de coronamaatregels. De training is benammen bedoeld as tarieding fan in grutte FN-missy nei Maly, dêr't yn septimber Nederlânske militêren hinne moatte. "Ik snap dat er geoefend moet worden," seit Kuipers, "maar laten we alsjeblieft rekening houden met de andere gebruikers van dit gebied."

Ellen Kuipers fan de Waadferiening

Maleur

Tiisdei siet it wat de oerlêst oanbelanget mei, want beide C-130 Hercules fleantugen bleaune oan de grûn stean. Neffens Definsje hawwe de tastellen te lijen fan technyske mankeminten. Nei alle gedachten is ien fan de tastellen woansdei wol wer ynsetber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)