Oer in wike nimt kabinet beslissing oer jûnsklok en terrassen: foarearst gjin ferromming

Lykas al ferwachte waard, hawwe demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens gjin nije ferrommingen of maatregels bekend makke yn de corona-parsekonferinsje. De iennige oanpassing is dat de bûtenskoalske opfangen wer iepen meie. De ferrommingen dy't earder noch op 21 april ferwachte waarden, binne foar no útsteld oant 28 april. "We bekijken per week," sei Rutte. "We beslissen op dinsdag 20 april."
© ANP
Gjin ferrommingen dus, al mei wol de bûtenskoalske opfang wer folslein iepen. "In het verlengde van en onder dezelfde voorwaarden als de basisscholen," sei premier Rutte.
Rutte beneamde dat it dilemma tusken de fraach foar ferrommingen út de mienskip wei en de alarmearjende sikehûssifers bot libbet by it kabinet. "We hebben allemaal onze eigen coronawerkelijkheid. Het wordt lastiger en lastiger om al die werkelijkheden met elkaar te verenigen. De emoties lopen op. De beperkingen in ons dagelijks leven gaan steeds meer knellen." Dêr foaroer stiet it tal minsken yn de sikehuzen, lanlik sa'n 2.500, wêrfan 800 op de intensive cares.
It hichtepunt fan de tredde coronaweach is neffens Rutte in wichtich punt. "Als we over die piek heen raken durven we de risico's van verdere versoepelingen aan. Met kleine stappen in het begin, grotere stappen later."

Utlekte datum

In skoftke lyn like it der op dat dy ferromming al op 21 april set wurde koe, mar dat wurdt no 28 april. "Het is waar dat we vorige week hoopten dat we de eerste stap al op 21 april kon worden gezet, maar het moet wel verantwoord zijn. Daarom is het ongelukkig dat die datum naar buiten lekte en een eigen leven ging leiden. Het is gewoon te vroeg, we bekijken het per week." Begryp hat Rutte ek: "Het is ongelooflijk teleurstellend voor de mensen die op basis van de uitgelekte berichten al plannen maakten."

Iepeningsplan

Minister De Jonge presintearre ek in 'iepeningsplan', in rûte nei de simmer mei fiif stappen. "De eerste stap kunnen we bijna zetten, als we over de piek van de derde golf in de ziekenhuizen heen raken. Daarbij kijken we naar het dagelijkse aantal ziekenhuisopnamen," sei De Jonge.
Foar de earste stap wêrby't maatregels loslitten wurde kinne, wurdt der sjoen nei de jûnsklok, it talitten fan twa minsken besite, it iepenjen fan terrassen ûnder betingsten, mear mooglikheden foar winkels en as lêste it iepenjen fan hegeskoallen en universiteiten ûnder betingsen en mei it brûken fan selstesten.
As twadde stap wurdt der bûtendoar mear mooglik. De Jonge neamt dêrby bygelyks pretparken, bistetunen, swimbaden en sportskoallen. "Wel op anderhalve meter en met een maximaal aantal mensen. En alleen als de situatie in de ziekenhuizen het toelaat." Foar de lêste stappen kin letter wer in nije ôfwaging naam wurde.