Bûtenskoalske opfangen meie wer folslein iepen: "Kollega stie te dûnsjen"

13 apr 2021 - 17:48

Fan moandei ôf meie de bûtenskoalske opfangen wer folslein iepen, dat makket it kabinet tiisdei nei alle gedachten bekend. De opfang wie allinne iepen foar bern mei in drege thússituaasje en foar bern mei âlden yn in krúsjale beropssektor. Foar de opfangen jilde aanst deselde regels as foar skoallen. Dus as der in besmetting fêststeld wurdt, moat in hiele groep yn karantêne.

Bûtenskoalske opfang It Mienskar yn Akkrum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It tagongsbelied foar bern op de bûtenskoalske opfang is op dit stuit noch strang. Dat merke se by opfang It Mienskar yn Akkrum. Meiwurker Kikki Harsta: "Eltse dei mei dochs sa'n bytsje de helte net komme." Dêrom is sy ek wiis mei de ferromming. "Ik kaam fan skoalle mei de bern en der stie in kollega yn de hal te dûnsjen. De flagge kin út," seit ien fan de meiwurkers.

Unbegryp by bern

Der wiene genôch minsken om de opfang draaiende te hâlden, mar it begryp foar de situaasje wie der net altyd. "Skoalle gie iepen, mar de bûtenskoaske opfang noch net. En dat snapten de bern faak net. Wy moasten de kar meitsje tusken bern mei âlden mei in krúsjaal berop en bern mei âlden sûnder in krúsjaal berop. Lis dat mar ris út oan bern."

De opfangen krije aanst wer in protokol dêr't sy harren oan hâlde moatte. "Wy krije straks fan it Ryk wer 'beslisbomen': wannear mei in bern komme en wannear net. En fansels moatte wy hannen waskjen bliuwe, âlden meie net binnen komme sûnder mûlkapke en it personiel besiket oardel meter ôfstân fan inoar te hâlden. Wy hawwe al in soad leard yn de earste lockdown."

Kikki Harsta fan It Mienskar yn Akkrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)