GGD alle dagen troch wanhopige minsken frege nei faksin, mar helpe kin net

13 apr 2021 - 18:13

GGD Fryslân hat alle dagen te krijen mei minsken dy't hiel graach in faksinaasje hawwe wolle en út wanhoop belje mei de sûnenstsjinst. "Dat zijn schrijnende gevallen wat ons allen aan het hart gaat", sa hat de GGD witte litten. "Maar we kunnen ze niet oplossen, we kunnen deze wanhopige mensen niet helpen". De GGD advisearret net sûnder ôfspraak nei in priklokaasje te kommen.

Sa stiet de faksinaasje yn Fryslân der op dit stuit foar:

Yn Fryslân binne no 99.000 prikken set. "Wy wolle wol graach mear, mar wy binne ôfhinklik fan de levering", lit in wurdfierder witte. Boppedat docht de opskuor om it AstraZeneca-faksin de saak ek net goed. GGD Fryslân jout oan dat sy ôfhinklik binne fan it ministearje fan Folkssûnens en it RIVM.

Ik fyn it ien fan de dreechste dingen yn myn wurk op dit stuit.

Nils van Mourik fan GGD Fryslân

Nils van Mourik fan GGD Fryslân fernimt de wanhoop by guon minsken, sels wurdt er ek wol frege. "Ik fyn it ferskriklik, ik fyn it ien fan de dreechste dingen yn myn wurk op dit stuit. It binne echt skrinende situaasjes. Minsken dy't op de wachtlist stean foar in herttransplantaasje en benaud binne foar it firus, bygelyks. Of minsken mei in geastlike beheining dy't thús wenje, wêrfan't de âlden de soarch op harren nimme. Dy wurde net prikt, wylst de minsken yn in ynstelling wol prikt wurde. Sokke minsken belje ús."

Nils van Mourik fan GGD Fryslân

Gjin útsûnderingen

Mar útsûnderingen kin de GGD net meitsje, leit Van Mourik út. "It kin echt net, want as je dat dogge is de hiele faksinaasje-strategy fuort. Wy kinne allinne mar de lanlike line folgje." Mar it is en bliuwt dreech. "Der leit in advys fan de sûnensrie dat de minsken ûnder de 60 jier gjin AstraZeneca krije meie, dus ek de skrinende gefallen net. Dat is wol lestich."

Ljouwerter húsdokters teloarsteld

De húsdokters fan de 23 Ljouwerter praktiken fine it spitich dat der sa'n soad diskusje is oer AstraZeneca. Se brochten it faksin tiisdei nei it WTC dêr't sy woansdei begjinne te prikken. Dêr meie sy trije prikstrjitten brûke fan de GGD om't it net mooglik is om safolle minsken yn de eigen praktiken te prikken.

De húsdokters hawwe 6.000 Ljouwerters tusken de 60 en 65 jier binne oproppen foar in prik fan AstraZeneca: neffens húsdokter Kees Iest is it fertroud. "Het is veilig voor onze doelgroep. De nadelen van de bijwerkingen wegen niet op tegen de voordelen dat je beschermd wordt tegen corona."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferline wike sette it kabinet de faksinaasje mei AstraZeneca foar minsken ûnder de 60 jier stil fanwege it risko op tromboaze en bloedproppen. Dêrtroch naam ek it betrouwen by de âldere minsken foar dit faksin ôf. Ut ûndersyk fan I&O Research docht bliken dat fjouwer op de tsien 60-plussers AstraZeneca net sitten sjocht.

Dat is tige spitich, seit Iest. "Het is belangrijk voor de immuniteit dat er zoveel mogelijk mensen komen. Dan kan de samenleving weer open. Ik ben heel benieuwd naar de opkomst, ik hoop op negentig procent. Dan zou ik al heel erg blij zijn." Woansdei binne 720 Ljouwerters tusken de 60 en 65 jier oproppen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)