Fandalisme by it flechtmuseum yn Noardwâlde: ruten ynkegele

13 apr 2021 - 15:59

By it Nationaal Vlechtmuseum yn Noardwâlde binne twa ruten ynsmiten mei in klinker en mei kiezelstiennen. Ek binnen is der skea ûntstien. It museum skat de totale kosten op in lytse tûzen euro.

Fandalisme by it flechtmuseum yn Noardwâlde

It museum sit midden yn de coronakrisis net te wachtsjen op ekstra kosten troch fandalisme. "Alsof het museum het in deze tijd nog niet moeilijk genoeg heeft", seit direkteur Iwan van Nieuwenhoven. "We zijn al maanden gesloten en er zijn dus geen inkomsten. Toch vond iemand het nodig om ons op te zadelen met uitgaven, want hij of zij gooide twee ramen van het museum kapot."

Binnen is in grutte plaat fan it plafond rekke en oeral lei glês. De ruten binne yntusken tydlik tichtmakke. It glês mei de spesjale sinnefilterlaach sil ferfongen wurde moatte, de plaat moat op 'e nij ophongen wurde.

'Puer fandalisme'

Van Nieuwenhoven tinkt dat it puer fandalisme is en net in aksje dy't rjochte is tsjin it museum. Se hawwe op sosjale media in berjocht set mei de oprop oan minsken dy't wat sjoen hawwe om har te melden. Dat berjocht is yntusken al mear as hûndert kear dield. "De reacties zijn: verontwaardiging en 'wat zinloos'", seit Van Nieuwenhoven. "En we hebben al wat directe berichten gekregen van mensen die zeggen: wij wonen in de buurt en hebben camera's hangen. We zullen kijken of we wat zien. Dus we zijn hoopvol."

Ferslachjouwer Ronnie Porte by it Nationaal Vlechtmuseum

(Advertinsje)
(Advertinsje)