Kûgel troch de tsjerke: Gerry Hamstra wurdt technysk-manager by Ajax

13 apr 2021 - 15:46

It nijs hong al in tiid yn de loft, mar de kûgel is no echt troch de tsjerke. Gerry Hamstra wurdt technysk-manager by Ajax, sa meldt de Amsterdamske fuotbalklup op harren eigen website. Earder wie in protte gedoch oer de oerstap fan Hamstra, dy't foar ûnrêst soargje soe. Hamstra wurke fiif jier lang yn in soartgelikense funksje by SC Hearrenfean en tekenet ta 2024 yn de haadstêd.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

De 50-jierrige Gerry Hamstra wurdt by de Amsterdamske fuotbalklup de nije rjochterhân fan Marc Overmars en sil him rjochtsje op de skouting fan nije jongereinspilers. Wa't de ferfanger fan Hamstra by Hearrenfean wurdt, is noch net dúdlik.

"Voor mij is dit een geweldige kans nadat ik bij Heerenveen ben vertrokken," seit Hamstra op de klupside fan Ajax. "Ik ga niet alleen nauw samenwerken met Marc Overmars maar ook met verschillende andere mensen op de Toekomst. Ajax is internationaal een grote naam waar het gaat om het ontwikkelen van talenten tot topspelers. Ik heb erg veel zin om een bijdrage te leveren aan de organisatie die daar verantwoordelijk voor is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)