MCL krijt operaasjerobot

It Medysk Sintrum Ljouwert krijt yn it neijier in saneamde Da Vinci operaasjerobot. De robot is foaral gaadlik foar komplekse prostaatyngrepen, mar kin ek by tal fan oare operaasjes brûkt wurde. It is de earste Da Vinci robot yn de trije noardlike provinsjes. De spesjalisten fan it MCL binne tige bliid dat de direksje besletten hat it apparaat oan te tugen.
Troch it ynsetten fan in operaasjerobot is der by in prostaatoperaasje folle minder bloedferlies en minder kâns op ynkontininsje en ympotinsje nei de yngreep.
It MCL ferwachtet de robot sa'n 200 kear yn it jier by operaasjes ynsette te kinnen.