205 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

13 apr 2021 - 15:19

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 205 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der seis minder as moandei. Doe wiene it der 211. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 209 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: 38. Dêrnei folgje Ljouwert (33) en Noardeast-Fryslân (14).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, it giet om ynwenners fan Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân. Der waarden trije nije sikehûsopnamen yn ús provinsje meld, ynwenners fan Amelân, Súdwest-Fryslân en Eaststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne moandei 6.797 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 7.320 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)