Stichting Friesland 1940-1945 lit betinkingsrút meitsje foar Blokhúspoarte Ljouwert

13 apr 2021 - 14:55

Yn finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert wurdt 6 maaie in glêzen rúttablo ûntbleate ta neitins oan de fersetsminsken dy't dêr befrijd binne. Dat is betelle troch de Stichting Friesland 1940-1945. Dy waard ea oprjochte om famylje fan fersetsminsken troch de tiid te helpen as sy it sels net mear koene. Dy haadtaak is no feroare yn it stypjen fan omtinken foar de Twadde Wrâldoarloch, al bliuwt de famyljestipe wol bestean.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De Stichting Friesland 1940-1945 sil by in soad minsken bekend wêze as in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei edukaasje. En in stichting dy't bygelyks belutsen is by it Befrijingsfestival. Mar de primêre taak fan de stichting is in stik minder bekend.

Al sûnt 1946 stiet de stichting fersetsminsken en harren neisten by. No, 75 jier nei dato, is dit net mear de haadtaak. De soarch giet wol troch mar de stichting rjochtet him no mear op it libben hâlden fan it oantinken. Dêrom wurdt it betinkingsrút yn De Blokhúspoarte ûntbleate.

De Blokhúspoarte yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De finansjele help oan famylje barde earst frij simpel mei in jildynsammeling, fertelt foarsitter Gerk Koopmans fan de stichting. Letter waard it offisjeler en kaam der in kantoar. Op de heechtijdagen makken wol fjouwerhûndert húshâldings gebrûk fan de help. Mar de neibesteanden wurde ek âlder en falle der op in stuit by wei.

De stichting stipet no noch mar tweintich minsken. Dy binne ek al âld en dus wol de stichting de haadtaak loslitte. Dat betsjut net dat dy tweintich gjin help mear krije. Dy stipe bliuwt bestean salang't sy libje.

Gerk Koopmans

De stichting hat ek al gjin kantoar mear mei meiwurker, der is no noch inkeld noch it bestjoer. Der is noch wol jild en dat wurdt no brûkt om it oantinken oan de Twadde Wrâldoarloch libben te hâlden. Minsken dy't dêrfoar wat opsette wolle, kinne in oanfraach yntsjinje. Sa is de Stichting Friesland 1940-1945 bygelyks fêste jildsjitter fan it Befrijingsfestival en krije dokumintêres oer de Twadde Wrâldoarloch op Omrop Fryslân ek in bydrage.

De ûntbleating fan it betinkingsrút yn de eardere finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert is op 6 maaie. Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden dêr fersetsstriders befrijd. De offisjele hanneling wurdt dien troch kommissaris fan de Kening Brok en boargemaster Buma fan Ljouwert. Fanwege corona mei dêr gjin publyk by wêze. Dêrom sil de plechtichheid streekrjocht te sjen wêze op Omrop Fryslân. It begjint om 16:15 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)