Wolle minsken harren noch faksinearje litte mei it AstraZeneca-faksin?

No't grutte ferrommings fan de lockdown útbliuwe, komt it faksinaasjebelied fan it kabinet noch mear ûnder fjoer te lizzen. De Gezondheidsraad seit dat 60-minners better net it AstraZeneca-faksin nimme kinne, nei ferskate meldings fan bywurkings. Dêrtroch begjinne guon 60-plussers ek te twiveljen oer it nimmen fan dit faksin. Wy fregen minsken dêrnei op de faksinaasjelokaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert.
Wolle minsken harren noch faksinearje litte mei AstraZeneca?
Bywurkingesintrum Lareb makke foarige wike bekend dat der oant no ta acht meldings binnenkaam binne fan tromboaze yn kombinaasje mei in tekoart oan bloedplaatsjes. It giet om in seldsume, gefaarlike bywurking dy't optrede kin nei in prik mei it coronafaksin fan AstraZeneca. Yn de meldings giet it om froulju tusken de 23 en 65 jier. Ien fan de froulju is ferstoarn.
© Omrop Fryslân
In man by de faksinaasjelokaasje yn Ljouwert fertelt dat it meitsjen fan in ôfspraak foar in prik sa regele wie. "We hearden ferline wike dat we belje koene. Ik belle en krige fuort berjocht. En no stean ik hjir." Hy krijt it Pfizer-faksin, mar hy hie eins gjin foarkar. "Ik haw my der net sa drok om makke. It is wat panyk. Ik tink dat it wol tafalt allegear."
Foar him is it wol wichtich dat er faksinearre wurdt, om't er gau wer werom 'nei normaal' wol. "Ik kin ek oare minsken dermei helpe. As eltsenien yninte is, dan kinne we wer trochgean mei ús libben."

"Begryp nearne wat fan"

"Ik doch it wol", seit in frou by de priklokaasje. Wêrom krekt, kin se net ferklearje. "Ik fyn alles ûngrypber en begryp nearne wat fan." Se is foaral yn de war troch alle tsjinstelde mienings oer it faksin. "Ik doch it dochs mar. Ik bin 73 en haw diabetes type 1. Dat neame se in risikogroep."
In oare frou is bliid dat se har earste prik efter de rêch hat. "Het kon mij niet snel genoeg gaan." Se komt fan Seisbierrum en hie pas oer in wike yn Frjentsjer telâne kind foar it faksin. "Daarom ga ik mooi hierheen." Ek sy krige it Pfizer-faksin. Se wit net oft se beswier hawwe soe tsjin it faksin fan AstraZeneca. "Een op de zoveel bij wie het misgaat. En corona is honderd op de zoveel..."

100.000 faksinaasjes

Net eltsenien liket dus ôfskrikt troch de argewaasje oer it AstraZeneca-faksin. Tongersdei ferwachtet de GGD Fryslân de 100.000ste fakinaasje te setten. De sûnenstsjinst hat fiif fakinaasjelokaasjes yn Fryslân: Ljouwert, Snits, Drachten, Dokkum en It Hearrenfean. Dat wurde ynkoarten mear. Dêrneist binne der ek noch prikken set troch húsdokters en sikehûzen.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by it WTC