Ynsidint mei Cristiano Ronaldo kostet grinsrjochter Mario Diks EK fuotbal

Assistint-skiedsrjochter Mario Diks sil kommende simmer net by de line stean op it Europeesk kampioenskip fuotbal. Skiedsrjochter Danny Makkelie hat koartlyn it fertrouwen opsein yn de Ljouwerter. Dat barde nei't Makkelie en Diks ein maart in flater makken yn in kwalifikaasjewedstriid tusken Servië en Portugal. Dêr ûntstie opskuor oer, nei't superstjer Cristiano Ronaldo syn lilkens dúdlik makke.
Gjin EK fuotbal mear foar Mario Diks dizze simmer
It duel tusken Servië en Portugal siet yn de blessueretiid by in 2-2 stân, doe't Ronaldo tocht dat er de 3-2 makke foar syn lân. Ut de werhellings die bliken dat de ynset fan Ronaldo oer de doelline wie, mar sawol Makkelie as Diks dy't oan dy kant assistint-skiedsrjochter wie, seagen it net. Der wie boppedat gjin fideoskiedsrjochter en gjin doellinetechnology, wêrtroch't it by 2-2 bleau. Ronaldo utere syn lilkens by sawol Makkelie as Diks, wêrby't dy lêste restich bleau doe't de Portugees op in meter foar him stie te razen.
Dit is voor mij een zeer, zeer grote teleurstelling zo vlak voor het EK.
Mario Diks mei net nei it Europeesk kampioenskip
Mario Diks mei in lilke Cristiano Ronaldo © ANP
It ynsidint hat foar Diks allinnich dus wol in ferfelend sturtsje krigen. Hy giet hjirtroch net nei it EK, wylst dat wol yn de line fan de ferwachtings lei. It wie allinne noch wachtsjen op de definitive bekendmakking fan fuotbalbûn UEFA. "Dit is voor mij een zeer, zeer grote teleurstelling zo vlak voor het EK", fertelt Diks. "Op woensdag 31 maart heb ik van Makkelie te horen gekregen dat hij met een andere assistent verder wil, omdat het vertrouwen in onze samenwerking weg is."
Tegearre mei Hessel Steegstra fan Snits is Diks ien fan de fêste assistinten fan Makkelie. Se hawwe de lêste jierren al ferskate ynternasjonale wedstriden yn goeie banen laat, lykas de finale fan de Europa League yn 2020 en de heale finale fan it WK foar klupteams begjin dit jier. Diks: "Ik had echt gehoopt op meer steun, begrip en vertrouwen na de succesvolle samenwerking de afgelopen jaren."

Jan de Vries

De ferfanger fan Diks wurdt in oare Fries, Gytsjerker Jan de Vries. Dat lit Makkelie witte. "Het is juist dat Jan de Vries de positie van Mario Diks in het team heeft overgenomen. Het betreft een teamaangelegenheid. Uit respect voor Mario, maar ook in het belang van het team, doen we over de reden van de wisseling geen uitspraken."
It Europeesk kampioenskip fuotbal begjint op 11 juny en in moanne letter, op 11 july is de finale.
Jan de Vries, Danny Makkelie en Hessel Steegstra ôfrûne wykein © Orange Pictures