Dokkumer wol fleantúch oan TU Delft jaan foar bou wetterstoffleantúch

13 apr 2021 - 12:37

It bedriuw Frisian Air yn Dokkum sil in fleantúch oan de Technyske Universiteit Delft skinke. Dêr is de groep AeroDelft dwaande mei de ûntwikkeling en de bou fan in fleantúch op wetterstof. It giet om in prototype fan it earste fleantúch yn de wrâld dat op floeibere wetterstof fljocht en dêr't minsken yn sitte. Frisian Air bestiet fjouwer jier en se hawwe in hangaar by it fleanfjild fan Drachten.

Foto: Frisian Air

It fleantúch dat Frisian Air oan de TU Delft jaan wol, is al besteld yn Súd-Afrika. It giet om in selsboufleantúch mei fjouwer sitplakken. Dat moat nei ymport yninoar set wurde en dat wol Frisian Air yn Drachten dwaan. Der moat in tank yn komme foar floeibere wetterstof.

Der ride no al auto's op wetterstof. Dy dogge dat op de fariant yn gasfoarm, fertelt Symen Jellema fan Frisian Air. Floeibere wetterstof nimt folle minder romte yn as gaswetterstof, mar dan moat it wol op 253 graden ûnder nul hâlden wurde, dat de tank moat goed isolearre wêze.

Doe giene de hierren my rjocht oerein stean. Dat moat dochs oars kinne, tocht ik.

Symen Jellema

Symen Jellema

Jellema kaam op it idee doe't er mei in kerosinefleantúch ûnderweis wie dat troch de wjerljocht rekke waard. It wie flak nei de start en dan is de proseduere dat it fleantúch fuortendaliks werom moat nei de luchthaven.

Mei in folle tank lânje kin net en dus moasten se in rûntsje oer de Noardsee fleane op kerosine te loazen. "Doe giene de hierren my rjocht oerein stean. Dit wie fierste mâl. Dat moat dochs oars kinne, tocht ik." Letter hearde er dat de TU Delft in fleantúchje socht en doe wie "ien plus ien trije".

It sil wol in jier of trije duorje foardat it earste bemanne fleantúch op floeibere wetterstof de loft yn kin, ferwachtet Jellema. "En dan fanôf Drachten. Wetterstof is ien fan de meast effisjinte eleminten en enerzjydragers dy't we brûke kinne. It soe fantastysk wêze dat wy de earste oanset jaan kinne om dat ta te passen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)