Seis kânshawwers foar Fryske ûndernimming fan it jier

Seis bedriuwen yn Fryslân meitsje kâns op de titel fan Fryske Undernimming fan it Jier 2021. De nominearden moatte de sjuery no sjen te oertsjûgjen fan in finaleplak. Dy sjocht nei fernijing, duorsumens en goed omgong mei personiel.
De winner fan 2020 © Verkiezing Friese Onderneming van het Jaar
De nominearre bedriuwen binne Aquatec Industries (Wâldsein), FibreMax (De Jouwer), Future Fuels Wholesale (It Hearrenfean), Kooi (Drachten), Machandel (Haulerwyk) en PMF Stalen Masten (Burgum). Twa dêrfan diene foarich jier ek al mei.
"Wendbaarheid, innovatie, duurzaamheid, we hebben het in Fryslân allemaal nodig om onze economie op stoom te houden. Deze prachtige ondernemingen laten zien wat mogelijk is", seit foarsitter Jan van der Linden fan de wurkgroep fan Stichting Verkiezing Friese Onderneming van het Jaar.

Heale finale

De nominearden binne no sels oan set om de sjuery te oertsjûgjen fan in finaleplak. De heale finale is op moandei 31 maaie. De seis kânshawwers presintearje har dan oan de sjuery, dy't bestiet út ferskate ûndernimmers ûnder lieding fan deputearre Sander de Rouwe.
De sjuery sjocht nei it ynnovative fermogen en de ynventiviteit binnen de bedriuwen. Dêrneist beoardielet de sjuery hoe duorsum oft harren belied is. Mei de ferkiezing wol de stichting kreativiteit en fernijing stimulearje yn Fryslân.
De winners komme yn de earegalerij fan it Fryske Undernimmerskip en wurde útnûge foar gearkomsten dêr't de stichting by belutsen is.