Test mei Ellen ten Damme yn De Harmonie: "Gjin skoft, wol in drankje"

Yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert wurdt tiisdeitejûn foar it earst in testevenemint hâlden. It giet om in foarstelling fan sjongster en aktrise Ellen ten Damme. Dêr meie 186 minsken by wêze. En dat yn in seal dêr't plak is foar tûzen besikers. De test is bedoeld om te sjen oft teäters wol wer iepen kinne yn ferbân mei corona.
Testevenemint yn De Harmonie
Yn de seal is in soart arena-opstelling makke, wat yntimiteit en gesellichheid jout, fertelt Frédéric Tonnon fan De Harmonie. Sa'n bytsje besikers kin finansjeel net út, mar dêr giet it no ek net om, neffens Tonnon.
It is in evenemint om te sjen hoe't de teäters wer feilich iepen kinne yn coronatiid. Der is gjin skoft yn de foarstelling, mar de besikers kinne yn 't foar wol in drankje krije. Se wurde dêrnei nei harren plak brocht. Besikers moatte yn it foar in coronatest dien hawwe en ek sjen litte dat dy negatyf is.
Frédéric Tonnon
Ellen ten Damme © ANP
Njonken Ellen ten Damme binne der noch twa oare testfoarstellingen yn De Harmonie: de sjongende suskes fan OG3NE en kabaretier Peter Pannekoek. Dy lêste twa foarstellingen binne al útferkocht, foar Ellen ten Damme kinne besikers noch oant tiisdeitemoarn 11 oere kontakt opnimme mei it teäter.
Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda