Op it stuit 78 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

13 apr 2021 - 09:57

Der lizze tiisdei 78 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der 26 op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN). Der lizze 52 coronapasjinten op in net-IC-bêd.

It AZNN updatet de sikehûssifers twa kear yn 'e wike. Ofrûne freed leine der noch 84 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen, wêrfan 26 op in IC-bêd. In wike lyn wiene dat der 74, wêrfan 23 op in intensive care-bêd.

Yn Grinslân lizze der tiisdei 74 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 31 op in IC-bêd. Yn Drinte binne dat der 39, wêrfan 14 op in IC-bêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)