Auto komt ta stilstân tsjin reklameboerd yn Ljouwert

Oan de Oostergoweg yn Ljouwert binne tiisdeitemoarn twa auto's mei elkoar yn botsing kaam. Ien fan de auto's skeat nei de klap troch en kaam ta stilstân tsjin in reklameboerd.
© AS Media
Ien fan de bestjoerders is kontrolearre yn in ambulânse en dêrnei meinaam nei it sikehûs. Hoe't de beide bestjoerders deroan ta binne, is net dúdlik. Hoe't it ûngelok barre koe, is ek net bekend.