Kollum: "Fertriet om in bist is gjin oanstellerij"

"Sy koe der noch net ta komme om de bakjes, it iene mei wetter, it oare mei brokjes, op te romjen. Wylst de hûn al trije dagen lyn deagien wie. 'Soms is it krekt as hear ik syn neilen tikjen op 'e flier. Of hear ik it lûd fan slobberjen, sa't er de snút yn it wetter stuts. It sil wol oanstellerij wêze, mar ik kin it net oer myn hert krije om dy bakjes fuort te heljen. Stom, hin?'
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Sûnt de coronakrisis is der in run op húsdieren ûntstien. Minsken hawwe mear tiid om har oer in bist te ûntfermjen. In hûn of in kat soarget foar sosjale stipe, foar sosjale kontakten ek, yn it gefal fan in hûn. By it oanskaffen fan in blaffer giest in relaasje mei in libben wêzen oan fan troch elkoar 10-13 jier, mei in kat is dat sa'n 14-17 jier. In lang skoft, dêr't sûnder mis in yntinse bân yn ûntstiet.
Ik sis sûnder mis, want bisten hawwe gjin betingsten as it oer it jaan fan leafde giet. Foaral hûnen net. Rin om in boadskipke nei de Spar, en ast thúskomst wurdst begroete as komst fan in wrâldreis werom. Gean sitten en sy lizze dy de kop yn 'e skurte, wêrby't de sturt it stof fan de flier giselet. Je krije in bân mei sa'n bist dy't yn in protte gefallen net minder is as dy mei in minske, soms sels better.
Bisten binne ek spegels foar minsken. Sjoch bygelyks nei hoe't in hûn in dei oanfettet: sûnder eangst en altyd fleurich. Katten leare wer in oare les: tiid nimme om wekker te wurden, útrekke en rêchrjochtsje, earst ite en drinke, dêrnei yn it finsterbank of op in stoel besinne op in nije dei.
It binne libbene wêzens dy't altyd by dy binne, gjin drege fragen stelle of wat fan dy ferwachtsje, oars as iten en drinken. Se binne fleurich en eigensinnich, oanhinklik en bytiden ûnneifolgber. Ut ûndersyk docht bliken dat 80 persint fan de minsken harren húsdier as in folweardich lid fan de húshâlding sjocht. As dat lid fan de húshâlding dea giet, soe it wol hiel nuver wêze oftst dêr gjin fertriet fan hiest. Ofskie nimme fan ien dêr'tst dyn libben mei dielt hast. Ien dy't altyd yn 'e hûs is, bliid is ast thúskomst, hoewol't katten dat faak op har eigen, mysterieuze wize blike litte.
Dat nee, it is gjin oanstellerij ast fertriet hast as in hûn of in kat dea giet, it is net stom ast der net ta komme kinst om itensbakjes fuort te heljen. Wy hoege it hertsear oer in bist net te minimalisearjen om't der safolle oar leed yn de wrâld is. Mei de ûnbetinge leafde dy't bisten jouwe, meitsje se in protte goede dingen los by de minske. Empaty, omtinken, wille. Alsa leare sy ús hoe't wy eins yn de wrâld stean moatte soene. As sokke wêzens weireitsje, mei dêr in trien om litten wurde."