'Poes in de mand'-kampanje útwreide mei stipe fan provinsje

De kampanje tsjin it frij losrinne litten fan katten bûtendoar yn de maitiid fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) krijt in ferfolch en wurdt útwreide mei stipe fan de provinsje. De kampanje Kuikens in het land, poes in de mand mei Emiel Stoffers fan De Hûnekop foel flink op ferline jier.
© Poes in de mand
It BFVW begûn yn april foarich jier mei in kampanje, yn gearwurking mei natuerorganisaasjes, agraryske kollektiven en de provinsje Fryslân. Mei filmkes rôpen se kattebesitters op om de katten yn it greidefûgelseizoen - oant en mei juny - nachts binnen te hâlden. Doel is dat minder greidefûgelpykjes it slachtoffer wurde fan jeiende katten.
Age de Jong fan it bûn sei foarich jier nei ôfrin fan de kampanje al dat dy effekt hân hie. Dat befêstiget foarsitter Frans Kloosterman fan it BFVW. "We hawwe in grut berik. In soad minsken kenne de kampanje", seit er. "En as je in grut berik hawwe, dan lústerje minsken ek."

Bewustwurding

It effekt fan de kampanje is lykwols dreech te mjitten yn sifers en Kloosterman kin net sizze oft kattebaaskes massaal gehoar jûn hawwe oan de oprop. "Dat kinne we hiel lestich mjitte."
It bûn is dit jier úteinset mei in ûndersyk op basis fan DNA om te efterheljen fan hokfoar fûgel in nêst ôfkomstich is. Oan de hân dêrfan kinne de effekten dúdliker yn byld brocht wurde. "It doel fan dizze kampanje is no earst bewustwurding."
© Poes in de Mand
Dochs is it foar de BFVW reden genôch om de kampanje in ferfolch te jaan. Emiel Stoffers fan De Hûnekop is der dit kear ek wer by. "Hy sil yn in auto mei grutte lûdsprekkers derop rûnride mei de oprop om de poes thús te hâlden."
Ek komme der spandoeken by de dyk om omtinken te freegjen foar it ûnderwerp. "Fan heal april oant en mei juny sitte dy piken yn it lân. Katten frette somtiden wat ôf. De baas moat se yn dy perioade gewoan efkes binnen hâlde, benammen nachts", beslút Kloosterman.
Frans Kloosterman fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachters