Ramadan set útein, mar troch de jûnsklok moatte gebeden thús

It wie tiisdei ier en betiid doe't it fêstjen foar moslims begûn: 05.08 oere yn de moarntiid. Mei de ramadan, dy't ûngefear in moanne duorret, meie moslims tusken sinne-opgong en sinne-ûndergong neat ite of drinke. It doel hjirfan is om tichter by Allah te kommen en jo bewuster te wurden fan josels. Dêrby wurdt ek in soad bidden, mar troch it coronafirus giet dat oars as oars.
Start Ramadan
It wichtichste gebed mei de ramadan is it lêste gebed, dat nei 22.00 oere jûns meastentiids yn de moskee hâlden wurdt. Dan hat eltsenien thús mei de húshâlding iten en wolle minsken byinoar komme. Mar troch de jûnsklok komt dat lêste gebed te let en moat dat thús dien wurde.

Der thús wat moais fan meitsje

Dat is spitich, mar gjin ramp, fertelt Slimane Elhilmi. Hy is foarsitter fan de Marokkaanske mienskip op It Hearrenfean en giet sels altyd nei de El Fath-moskee. "It iennichste gemis is dat jo net mei jins allen it gebed ferrjochtsje kinne. Mar dat kin ek gewoan thús, mei frou of bern. Dat is like goed as yn de moskee, it is net minder."
Dochs mist ek Elhilmi de moskee wol yn dizze tiid: "Ik doch it leaver hjir yn de moskee. Ik haw betrouwen yn myn imam, dat hy it goede oan ús sjen lit. Wy folgje him. Mar we meitsje der thús wat moais fan mei myn eigen húshâlding!"
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Goed soargje foar it lichem

Fierder moat der miskien in bytsje mear rekken hâlden wurde mei bygelyks islamityske kollega's, grapt Elhilmi: "It sil ôfsjen wêze. Miskien wat toarst en honger, miskien wat nitelich op it wurk. Mar dat heart der allegear by." En fan jûns krekt nei healwei njoggenen mei der dan wer iten en dronken wurde, oant krekt nei fiven moarns. "Jo moatte wol goed soargje foar it lichem. Dat seit Allah ek. Dus jo sitte net om healwei fiven oan de shoarma. It kin wol, mar it is net handich. Ik soe it yn elk gefal net dwaan."
It dieet fan de Feanster sjocht der in stik sûner út: "Dat sil wat kwark wêze, en fruit. Nuten binne ek hiel goed. Ik meitsje faak in smoothie mei in hiel soad guod deryn, dat mjuksje ik wat trochinoar en dat drink ik op. Dêr rêd ik my de hiele dei wol mei."