Natuerorganisaasjes wolle dat oerheden stipe ynlûke foar stroomkabel Skiermûntseach

12 apr 2021 - 21:30

It Ryk, mar ek alle belutsen gemeenten en provinsjes moatte werom nei de tekentafel as it giet om de oanlis fan in nije stroomkabel, dy't fan in wynmûnepark yn de Noardsee troch Skiermûntseach hinne nei de fêste wâl moat. Ek moat it saneamde regio-advys fan gemeenten en provinsjes oan de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat ynlutsen wurde, sa fine ferskate natuerorganisaasjes.

Arjen Kok fan Natuurmonumenten op de Balg oan de eastkant fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

Dy oprop dogge Natuurmonumenten, de Waadferiening en de Natuur en Milieufederatie Groningen yn in brief oan de lokale en regionale oerheden, dêr't ek de provinsje en in grut ferskaat oan Fryske gemeenten ûnder falle.

Iepen brief

Neffens de natuerorganisaasjes is de skea oan de natuer te grut en net goed te kompensearjen mei hokfoar maatregel dan ek. De wurkgroep Lepelaars wiist bygelyks op it grutte belang fan de natuer dêr foar de leppelbekken. Ek is der gjin draachflak foar by de befolking.

Underwilens hawwe Vogelbescherming Nederland, It Fryske Gea en noch in oantal organisaasjes harren no ek yn in iepen brief útsprutsen tsjin de plannen.

Eemshaven

De regionale en lokale oerheden advisearren it Ryk earder in trasee foar de kabel oan de eastkant fan it Waad nei Eemshaven. Doe't dy opsje fuortfoel, binne sy akkoart gien mei in kabel ûnder Skiermûntseach troch. Mar dan wol mei in oantal betingsten. "Een daarvan is dat er een maatschappelijk gedragen proces zou moeten zijn. Daar gaat de minister niet of nauwelijks op in", seit Arjen Kok fan Natuurmonumenten.

No't dúdliker wurdt dat dêrtroch hiel bysûndere, net oantaaste natuer derfan te lijen hat en it draachflak ûntbrekt, soe dat advys ynlutsen wurde moate. "Men is in voorgaande studies heel lichtzinnig omgesprongen met de effecten voor de natuur en het Wad." Dêrneist soe de kabel yn Grinslân dwers troch lânbougrûn rinne.

"Het voelt alsof er over je wordt gepraat en niet mét je. Dat hoeft volgens mij niet", beslút Kok. "We hebben vorige week met een aantal partijen een voorzichtig eerste gesprek gehad en ik hoop dat dat erin uitmondt dat we teruggaan naar de tekentafel."

De Balg op de eastpunt fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

Arjen Kok fan Natuurmonumenten

(Advertinsje)
(Advertinsje)