Doarpen Weststellingwerf noch bleu mei budzjetten Doarpefûns

Gemeente Weststellingwerf giet troch mei it takennen fan wurkbudzjetten oan doarpsbelangen, sa die moandei yn in gearkomste bliken. Sûnt 2016 kinne doarpen gebrûk meitsje fan it Doarpefûns. Yn 2020 is der hast 50.000 euro brûkt foar 19 projekten yn de gemeente. Neffens doarpekoördinator Klaas Hallema is it foar guon doarpen noch wol wennen. Neffens him binne doarpen noch foarsichtich mei it útjaan fan it jild oan leefberens, mar hy seit ek dat doarpsbelangen der yn groeie.
De brêge oer de Skipsleat yn Nijlemmer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
In grutte beheining wie yn it ôfrûne jier wol de coronakrisis. It Doarpefûns kaam dêrtroch net hielendal ta syn rjocht, ek om't gearkomsten fan pleatslik belangen skrast waarden. Ek binne guon doarpen dus noch wat bleu mei de budzjetten.

Pleatslik Belangen

"Voor de meeste is het wel even wennen," sei doarpekoördinator Hallema. "Ze vragen ons of een plan goed is. Het is juist de bedoeling dat ze dat in onderling overleg in de dorpen bespreken en besluiten. We vertrouwen er op dat dorpen goed weten waaraan het besteed kan worden. Maar dat moet groeien."
De doarpen krije ek dit jier wer in budzjet fan tusken de 1.500 en 2.500 euro. Allinne Slikenboarch net, mar dat doarp hat ek net in doarpsbelang. Neffens it kolleezje is dat oan de doarpsbewenners sels.