CU Achtkarspelen wol sinneparken mei Oeigoerske grûnstoffen útslute

12 apr 2021 - 19:55

De fraksje ChristenUnie yn Achtkarspelen wol witte oft de gemeente sinnefjilden brûkt dy't mei produsearre binne troch Oeigoeren. Ferskate sinnepanielen yn Nederlân besteane mooglik út grûnstoffen dy't út de Sineeske regio Xinjiang komme, dêr't dizze moslimminderheid libbet, sa die in pear dagen lyn bliken út ûndersyk fan it Het Financieele Dagblad. De merk fan de produksje fan sinnepanielen is sterk ferbûn mei twangarbeid fan de Oeigoeren.

Foto: Shutterstock.com (Pfalzdrone)

De Oerigoerske minderheid soe ûnder twang grûnstoffen winne moatte dy't troch de Sineeske sinnepanielfabriken brûkt wurde. Neffens it ûndersyk soe sa'n 80 persint fan de Nederlânske sinnepanielen út Sina wei komme, mar in krekt byld fan de komôf fan de grûnstoffen is der net.

De fraksje fan de ChristenUnie wol witte oft der yn de gemeente sinneprojekten realisearre binne mei grûnstoffen út dy regio. Neffens de partij soe it ûnakseptabel wêze as Achtkarspelen dizze 'moderne slavernij' fasilitearret. De fraksje wol yn elts gefal dat der yn de takomst goed nei sjoen wurdt, om it oanlizzen fan 'foute zonnepanelen' út te sluten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)