FIDEO: "Ineens begonnen ze in te breken", it ferhaal fan Stephan

12 apr 2021 - 19:21

Stephan hat yn it ferline belutsen west by in ynbraak. Dêrnei kaam hy yn in trajekt fan de jongereinreklassearring. Yn de fiifde ôflevering fan it programma Fan binnenút praat programmamakker Miranda Werkman dêr mei Stephan oer. Hy fertelt oer hoe't dit foar him wie, en sjocht mei Miranda werom op wat der yn de tuskentiid feroare is.

Yn de ôflevering wurdt net allinne nei it ferline sjoen, mar ek nei de takomst. Tegearre mei jongereinreklassearder Willeke sjocht Stephan foarút nei wat him op it goede paad hâlde kin. Hy begrypt sels eins net dat Willeke it al sa lang mei him folhâlden hat. Willeke leaut datst der just yn dizze libbensfaze by wêze moatst. En wat docht dy deadskiste eins yn de keamer?

Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?

Yn de rige Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. Meiwurkers fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland fertelle oer de dilemma's by harren wurk. Want, hoe dreech is it om yn te gripen efter de foardoar, de grins tusken privacy en feiligens?

De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.

Prate oer wat der te sjen wie yn in ôflevering fan Fan binnenút, of help nedich? Sjoch by Jeugd- en Gezinsbescherming Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)