Christa Oosterbaan hâldt op as riedslid en fraksjefoarsitter PvdA Skylge

12 apr 2021 - 19:12

Christa Oosterbaan hâldt fan 1 maaie ôf op as riedslid yn de gemeente Skylge. De 45-jierrige politika is fraksjefoarsitter fan de Partij van de Arbeid yn de waadgemeente. Jan-Willem Adams wurdt nei alle gedachten de nije fraksjefoarsitter.

Christa Oosterbaan - Foto: Omrop Fryslân

Oosterbaan hat de fraksje oanjûn dat it nei alve jier tiid is foar 'oare dingen'. "We respecteren haar keuze en bedanken haar voor haar meer dan tomeloze inzet, haar schat aan kennis, de prettige samenwerking en haar gevoel voor humor", skriuwt de fraksje.

By de Twadde Keamerferkiezingen fan ôfrûne moanne stie Oosterbaan op it njoggentjinde plak by de PvdA. Dy partij helle lykwols mar njoggen sitten. Oosterbaan helle sels ek net genôch foarkarsstimmen.

Christa Oosterbaan oer har beslút

(Advertinsje)
(Advertinsje)