Theo Brouwer hâldt op by Frysk Jeugd Orkest: "Dit wie in geskikt momint"

12 apr 2021 - 18:40

Nei hast 25 jier jout Theo Brouwer syn dirigearstôk by it Frysk Jeugd Orkest (FJO) troch. Al sûnt 1997 wie hy dirigint, mar eins is hy al sûnt 1988 oan it orkest ferbûn. "Ik wol gewoan wer ris wat oars," seit Brouwer. "Ik haw yn it ôfrûne jier in soad neitocht: wol ik hjirmei troch oant myn pensjoen of wol ik noch wat oare útdagingen? Ik haw dat lêste besletten."

Argyffoto - Foto: Frysk Jeugd Orkest

Binnen it orkest snappe de minsken it wol, seit Brouwer. "As je it útlizze hawwe minsken der ek begryp foar. Yn 1991 haw ik al in kear gastdirigint west. It opstappen kin no ek, want der is in team fan dosinten, bestjoersleden en twa jonge âld-leden dy't beiden it konservatoarium ôfmakke hawwe en dy't graach oan de gong wolle. Dit wie in geskikt momint."

Der spilet ek mei dat der op dit stuit gjin konserten binne fanwege de coronamaatregels. "Dus der stiet wat minder druk op de tsjettel. Der falt neat te dirigearjen op dit stuit, allinne repetysjes."

Hichtepuntkonkoers

Brouwer tinkt dat de winst by it konkoers yn Rotterdam yn 2006 miskien wol it hichtepunt wie fan syn karriêre as dirigint. "It winnen fan it konkoers yn De Doelen dêr't it hiele lân by wie, dat wie echt in sukses. Mei fjouwer orkesten dy't mienden dat sy it wol fan ús winne koene, wylst wy úteinlik mei in beker en in sjek oer de Ofslútdyk werom nei Fryslân rieden."

Mar it wiene allegearre hichtepunten oan inoar fêst, fynt de dirigint eins. "Wy hawwe bygelyks ek yn Barcelona by it paleis fan de Katalaanske muzyk west. Op al dy mominten sjoch ik mei in soad wille werom."

Dirigint Theo Brouwer

(Advertinsje)
(Advertinsje)