Ype Smid: "Van den Belt is bang voor mij"

12 apr 2021 - 18:33

"Van den Belt zei dat ie niet alles tegen me durft te zeggen. Dat hij bang voor me is. Althans, zo kwam het op me over." Earefoarsitter Ype Smid sprekt him foar it earst sûnt de Cambuurkrisis út oer dy situaasje yn de Sportcast. We prate mei Ype Smid oer syn relaasje mei finansjeel direkteur Gerald van de Belt, oer it kommende kampioenskip en oer de wurden fan trainer Henk de Jong: "Die hebben me niet onberoerd gelaten."

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Ype Smid skoot nei lange tiid fan fersykjes wer ris oan by de SportCast. Earst woe er net. "Ik vond dat ik dat niet moest doen. Maar nu ik hier zit, ben ik wel een soort van nerveus." Ype Smid fûn yn earste ynstânsje dat hy net de persoan wie om wat te sizzen. "Wie geschoren wordt, moet stilzitten."

"Gerald is bang voor me"

Mar no sprekt er him wol út. Oer de relaasje mei Gerald van den Belt bygelyks: "Dat bevreemdt mij nog steeds, tot op de dag van vandaag. Dat ze niet helemaal op mij zaten te wachten, had ik wel een beetje begrepen, maar niet op deze manier. Ik heb dat Gerald wel recht op de man gevraagd. Er was niet alleen zakelijk en privé wel wat waar ik hem mee geholpen heb. Ook toen hij bij FC Twente was, met wat frauduleuze handelingen en zo. Daar begreep ik wel wat van. Maar toen ik hem vroeg, zei hij dat hij niet alles tegen me durfde te zeggen. Hij zei dat ie soms bang voor me is."

Dêrfoar wurken de twa in soad gear. "Daarvoor is het wel zeven jaar goed gegaan. Daar kan ik niet zoveel mee. Als zoiets gebeurt, moet je dat ook bij jezelf zoeken. Maar dat is me nog onduidelijk."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)